Wetterskip wol lêsten foar boargers en bedriuwen yn 2023 beheine

It haadkantoar fan Wetterskip Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân is fan doel om mei 4,7 miljoen euro út eigen reserves de lêsten fan boargers en bedriuwen foar 2023 beheind te hâlden. De hegere lêsten moatte dêrmei ûnder it ynflaasjenivo bliuwe.
Neffens in foarbyldberekken fan it Wetterskip is in húshâlden fan meardere minsken yn in eigen wenning yn 2023 2,6 persint djoerder út as yn 2022. Sûnder it jild út eigen reserves soe sa'n húshâlden takom jier 5 persint mear betelje.
In trochsneed agrarysk bedriuw betellet 6,7 persint mear as earst. Bedriuwen dy't relatyf sjoen in soad ôffalwetter ôffiere fia it rioel binne 1,7 persint goedkeaper út.
It plan fan it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân stiet yn de konseptbegrutting foar 2023. Dy begrutting wurdt yn desimber besprutsen.