Kampanje moat gefaren fan slachboomdûken by brêgen tsjingean

Brêgewipper Anja van Aalsum oan it wurk yn it Swettehûs © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Rykswettersteat begjint mei in kampanje op social media tsjin wat sy neame 'slachboomdûkers'. As minsken noch krekt even ûnder in sakjende slachboom by de brêge del wolle, kin dat grutte gefolgen hawwe.
It smyt stress op by brêgewippers en jout ûngelokken of skea. Neffens Rykswettersteat giet alle wiken yn Nederlân wol in slachboom stikken troch dit gedrach.

Oeps-momintsjes

Yn it Swettehûs yn Ljouwert wurde njoggentjin Fryske brêgen op ôfstân betsjinne. Se kenne it probleem dêr. "Wy hawwe yndie wol fan dy oeps-momentsjes. Dat we tinke: hie no even wachte, want read is stean bliuwe. It is hartstikke gefaarlik", seit Anja van Aalsum, ien fan de brêgewippers.
Kampanje moat gefaren fan slachboomdûken by brêgen tsjingean
It meast riskant fynt Van Aalsum stilsteande persoanen, lykas fiskers op de brêgen. "Dy gean somtiden op plakken stean, dy't dreech te sjen binne. Foaral as it wat tsjuster wurdt. We gean de winterperioade wer yn en dan is dat net goed te sjen. Wy wurde der wol op traind."
Se lûke har der net folle fan oan of se stekke de hân omheech.
Anja van Aalsum, Swettehûs
Sy makket geregeld mei dat minsken it dochs noch efkes besykje, sels as se mei help fan lûdsprekkers warskôge wurde. "Se lûke har der net folle fan oan. Of se stekke even de hân omheech. Mei oare wurden: se hawwe my wol sjoen en it kin noch wol even. 'Tankjewol', mar sa is it net. Dat fyn ik net sa geweldich."

Kâns op steuring

Mei lju tusken de bomen, moat se alles stilsette en dat jout in soad oerlêst en fertraging. "Wy hawwe hjir in grutte reade knop. Dat is de needstop. Dan leit alles stil. Dan is it foar ús te hoopjen dat we alles ek wer opstarte kinne. It gefaar is dat der in steuring yn komme kin. Mei it gefolch dat der wer ien fan de technyske tsjinst oan te pas komme moat. De skipfeart leit wer stil en it is harren breawinning om troch te kinnen."

Fan 19 nei 40 brêgen

De provinsje fynt de kampanje in goede saak, seit teamlieder Nautyske Saken Theo Terpstra. "It gefaar is grut. Wy betsjinje no njoggentjin brêgen. Ynkoarten besykje we nei de fjirtich te gean. Wy binne dêrop ynsteld en alle wurkplakken binne dêrfoar ynrjochte. Wy binne der klear foar."
In oar gefaar dat se tsjinkomme, binne de brêgespringers simmerdeis. Dêr komt takom jier in kampanje foar.