Ljouwert trettjinde op Gezonde Stad Index, fjouwer plakken leger as yn 2020

De skyline fan Ljouwert © ANP
De gemeente Ljouwert is de nûmer trettjin op de 'Gezonde Stad Index 2022'. Ljouwert docht it benammen goed op it mêd fan miljeu, wylst de gemeente yn de kategory 'Gezonde Gebouwde Omgeving' ien fan de hikkesluters is.
De ranglist is makke op basis fan ûndersyk fan advys- en yngenieursbedriuw Arcadis. Foar it ûndersyk hat it sjoen nei de gemeenten mei it heechste ynwennerstal fan de provinsje, oanfolle mei de trettjin grutste gemeenten fan it lân op basis fan it tal ynwenners. Sa waard der yn totaal sjoen nei 25 gemeenten. Ljouwert is de iennige Fryske gemeente dy't ûndersocht is.

Skaaimerken fan in sûne stêd

It ûndersyk is basearre op in earder ûndersyk fan it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) nei de skaaimerken dêr't in sûne stêd neffens 250 professionals út ûnder mear de soarch, romtlike oardering en miljeu oan foldwaan moatte soe.
Dêrút kamen fiif kategoryen nei foaren: beboude omjouwing, mobiliteit, bûtenromte, miljeu en mienskip.
De ôfstân ta soarch is relatyf grut yn de gemeente Ljouwert © Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Op it mêd fan beboude omjouwing skoart Ljouwert min. Yn dizze kategory is ûnder mear sjoen nei hoe rom oft de stêd opset is, hoe skjin oft de stêd is en oft foarsjennings foar elkenien tagonklik binne. Yn Ljouwert is benammen de trochsneed ôfstân ta in dokter, apteker of sikehûs relatyf grut. Ljouwert is dêrtroch achttjinde yn dizze kategory.
Ljouwert stiet fierder op it sechstjinde plak op it mêd fan mobiliteit en mei in fjirtjinde plak yn de kategory 'bûtenromte' skoart Ljouwert ek net al te bêst. Kwa mobiliteit smite de ôfstân foar ynwenners nei iepenbier ferfier en ûnfeilige fytsrûten de gemeente minpunten op.

Luchtkwaliteit relatyf goed

Op it mêd fan miljeu giet it wol goed yn Ljouwert. De gemeente is goed ynrjochte op it minimalisearjen fan hjittestress en de luchtkwaliteit is ek better as yn de measte oare gemeenten. Ljouwert beset yn dizze kategory it twadde plak.
Yn de kategory 'sûne mienskip' stiet Ljouwert fiifde. Minsken fiele harren relatyf feilich en de gemeente biedt foldwaande mooglikheden om stress te ferminderjen.
Dit alles smyt in trettjinde plak op de totale ranglist op. By de foarige ranglist, yn 2020, stie Ljouwert noch njoggende.