Basisskoalle De Wegwijzer yn De Pomp slút de doarren fanwege leararetekoart

© RTV NOF
Basisskoalle De Wegwijzer yn De Pomp giet hielendal ticht. De âlden fan de bern fan de groepen 1 oant en mei 6 moatte op syk nei in oare skoalle. Dat hat Stichting Arlanta besletten. Earder ha se dat ek al dien foar de groepen 7 en 8. Nei de foarjiersfakânsje giet CBS De Wegwijzer ticht.
Yn in brief oan de âlden lit Arlanta witte dat op de lokaasje yn De Pomp gjin goed ûnderwiis mear jûn wurde kin. "Het besluit hebben wij niet over één nacht ijs genomen, en komt ook niet plotseling uit de lucht vallen. Wij hebben hierover langdurig en intensief overleg gevoerd met verschillende interne en externe deskundigen. Ook de gemeente hebben wij meegenomen in het besluit", sa stiet yn de brief.

Soad personielswiksels

Neffens it stichtingsbestjoer ha der it ôfrûne jier in soad personielswiksels west. It is de stichting allinnich net slagge nije learkrêften te binen oan de skoalle. Dêrby is it dreech om ûnderwizers te finen, benammen yn de regio Noardeast-Fryslân.
Fierder skriuwt Arlanta dat it wurkjen op in lytse skoalle lykas De Wegwijzer in soad freget fan it personiel. Benammen foar begjinnende learkrêften is dat in te grutte útdaging, sa lit de stichting de âlden witte. De ûnderwiisynspeksje kaam earder al ta deselde konklúzje. De Wegwijzer krige doe it predikaat 'zeer zwak'.

Ferfanging

Arlanta hat foar de kommende twa wiken ferfanging fan dosinten regele. Hoe't it dêrnei komt, is noch net dúdlik. De skoalle bliuwt sa't it no liket oant de foarjiersfakânsje iepen. Stichting Arlanta rjochtet har no op it finen fan oplossingen dy't derfoar soargje dat de bern it ûnderwiis krije dêr't se rjocht op ha.