Steatssekretaris Vivianne Heijnen krijt yn Boalsert plan foar akwadukt yn de A7

Steatssekretaris Vivianne Heijnen © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De stêd Boalsert hat te lijen fan lûdsoerlêst en fynstofproblemen fan de A7. Boppedat stiet it ferkear benammen simmerdeis faak fêst as de brêge yn de autodyk omheech stiet. It smyt de stêd dan ekstra slûpferkear op.
Omdat de brêge yn de A7 oan ferfanging ta is, fynt in wurkgroep fan Boalserter boargers en ûndernimmers dat it heech tiid wurdt om in akwadukt oan te lizzen. Dy plannen waarden moandei yn Boalsert oanbean oan steatssekretaris Vivianne Heijnen fan Ferkear en Wettersteat, yn 'e hope dat sy it projekt opnimt yn it Meerjarenprogramma Infrastructuur Ruimte en Sport (MIRT).

Lûdshinder en fynstof

"Boalsert hat no in soad lûdsoerlêst fan de A7, foaral as de brêge iepen stiet", fertelt Doet Boermans fan de Wurkgroep Akwadukt Boalsert. "Ek neffens de noarmen fan Rykswettersteat is der no tefolle lûdshinder en fynstof."
De moaiste oplossing neffens Boermans is om de A7 oer in ôfstân fan 1100 meter ferdjippe oan te lizzen mei op it plak fan de ferâldere brêge in akwadukt.
Steatssekretaris op besite yn Boalsert
"Een mooi plan, zeker omdat het uit de gemeenschap komt en niet van de politiek", sei steatssekretaris Heijnen yn har earste reaksje. "Het is natuurlijk aan de gemeente en de provincie om dit verder te brengen, maar ik zal dit zeker doorgeven aan minister Mark Harbers."

Ynvestearrings

It ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat ferline wike 7,5 miljard euro ferparte foar ynvestearrings yn de ynfrastruktuer yn it hiele lân. Fan dat jild bedarret noch gjin oardel persint yn Fryslân, Grinslân en Drinte.
It foarstel foar it nije akwadukt by Boalsert is dan neffens de Boalserters ek in moaie kâns om mear jild yn Fryslân te ynvestearjen, sa is de wurkgroep fan betinken.
Vivianne Heijnen fynt dy redenaasje wat te maklik. "Dat geld van vorige week was vooral voor infrastructuur die nodig is om woningbouw te realiseren. In sommige gebieden, zoals ook in Limburg, is woningbouw mogelijk zonder nieuwe infrastructuur aan te leggen. Dan hoef je dat geld ook niet uit te geven."
Kaart fan de plannen foar it akwadukt yn Boalsert © Omrop Fryslân
De Boalserters fielden harren krekt wer bemoedige troch de reaksje fan de steatssekretaris. "Boalsert sit no foar in grut part op slot troch de A7. As je dat probleem oplosse, dan ûntstiet der mear romte foar nijbou", seit Boermans.
Sy sjocht fierder ek goeie kânsen om it toerisme en de rekreaasje fierder út te bouwen. "Sûnder brêge kinne je Boalsert frij yn- en útfarre. Mei minder leven fan it ferkear wurdt it ek in stik nofliker om yn de stêd te ferbliuwen." Mei in ferdjippe autodyk wurdt de binnenstêd ek folle sichtberder foar reizgers fanút it suden.

Kosten

Hoefolle oft de Boalserter akwaduktplannen krekt kostje is noch net útrekkene. It giet de Boalserters der no earst om dat de Provinsje Fryslân en it Ryk it plan omearmje.
De wurkgroep akwadukt Boalsert sil dêrom nei steatssekrektaris Heijnen en it CDA ek alle politike partijen fan Fryslân freegje om it akwadukt yn de A7 op te nimmen yn de ferkiezingsprogramma's.

Lightrail-trein

Listlûker Friso Douwstra fan it Fryske CDA makke yn Boalsert bekend dat syn ôfdieling de Súdwesthoeke fan Fryslân mei in lightrail-trein ferbine wol mei de takomstige Lelyline. Yn it plan foar in akwadukt yn de A7 stiet ek de winsk foar in lightrail fan Boalsert oer Snits en De Jouwer nei It Hearrenfean.
Douwstra fynt dat de provinsje de mooglikheden foar sa'n Fryske lightrail de kommende jierren serieus ûndersykje moat. De deputearre wie ek posityf oer de Boalserter winsk om de autodyk A7 oer 1.100 meter te ferleegjen yn kombinaasje mei in akwadukt.
"It CDA fynt it wichtich dat je net allinnich sjogge nei de grutte berikberens, mar ek nei de berikberens yn de provinsje", seit Douwstra. "Nûgje minsken ek út mei nije foarmen fan iepenbier ferfier. As je it ha oer ferduorsuming yn it iepenbier ferfier leit dêr ek in kâns."