Dûkers yn Skûtegat op syk nei ûnderdielen wettertaksy en Tiger

Snelboat Tiger yn it Skûtegat (argyf) © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Dûkers sille tiisdeitemiddei yn it Skûtegat súdwestlik fan Skylge ûndersyk dwaan nei it boatûngelok fan in moanne lyn. Dat seit de Lanlike Ienheid fan de plysje. By de oanfarring kamen fjouwer minsken om it libben, it lichem fan de 12-jierrige Riemer wurdt noch fermist.
Fanwege it ûndersyk is it Skûtegat de hiele dei ticht, skipfeartferkear kin der dus net del. In sonarboat fûn earder ûnderdielen yn it Skûtegat, it is noch net dúdlik oft it om parten fan de snelboat Tiger of fan wettertaksy de Stormloper giet.
Dûkers dogge ûndersyk yn it Skûtegat
De plysje seit dat it nedich is om de ûnderdielen op te dûken om it ûndersyk folslein te meitsjen. It duorret noch wol efkes foardat de útkomsten dêrfan bekend binne.
Ferslachjouwer Lennard Jan Geerts oer de situaasje yn it Schuitengat