Seis jier sel foar deadlik stekynsidint op 'e Lemmer

De plysje op it plak fan it ynsidint © CAMJO media
In man fan 36 jier út Litouwen moat seis jier de sel yn en krijt tbs mei twangferpleging foar in deadlik stekynsidint op De Lemmer. By dat ynsidint kaam in man út Poalen om it libben.
Fierder krije de freondinne en twa bern fan it slachtoffer in skeafergoeding.
De straf is leger as de eask fan it Iepenbier Ministearje. Dy hie frege om in finzenisstraf fan acht jier en tbs mei twangferpleging.

Yn de earste nacht

De feroardiele man wie op 14 febrewaris te wenjen kaam yn in gebou foar arbeidsmigranten dy't foar in útstjoerburo wurkje. It slachtoffer en syn freondinne wennen dêr al twa jier.
Op de earste jûn en nacht dronk de Litouwer in soad alkohol en brûkte er drugs. Hy krige spul mei twa froulike meibewenners, dy't om help fregen by it slachtoffer. Dy waard troch de fertochte yn it boarst stutsen en kaam om it libben.
Ut rapporten fan saakkundigen die bliken dat de fertochte slim ferslave wie oan sawol alkohol en drugs. Se fine him net folslein ûntarekkenber, mar wol fermindere tarekkenber. De man moat in lange klinyske behanneling ha.