Sander Warmerdam hâldt ein dit jier op as haadredakteur Ljouwerter Krante

Sander Warmerdam © Omrop Fryslân, René Koster
Haadredakteur Sander Warmerdam giet ein dit jier fuort by de Ljouwerter Krante. Hy stie sûnt 2018 oan it haad fan de redaksje.
"Nu, bijna vijf jaar later, heb ik zin in een nieuwe uitdaging", seit er. "Ik ben trots op de redactie en op de manier waarop we de afgelopen jaren constant hebben gezocht naar journalistieke verdieping. Zeker in de historische coronajaren hebben we laten zien dat onafhankelijke journalistiek onmisbaar is in een gezonde democratie."
Warmerdam wit noch net wat syn folgjende baan wurdt. Op 1 jannewaris 2023 sil er earst begjinne oan in sabbatical. Dêrnei wol er neitinke oer de takomst. "Dat kan van alles zijn, binnen of buiten de journalistiek."
Foardat Warmerdam by de LC oan de slach gie, wurke er lange tiid foar de NOS.
De krante, dy't sûnt 2020 ûnderdiel is fan Mediahuis, sil begjin takom jier nei alle gedachten earst in ynterim-haadredakteur oanstelle. Dêrnei begjint de syktocht nei in fêste opfolger.