Diseldieven Boelensloane rinne tsjin de lampe by werombringen karre

De auto mei oanhinger © HOS Oil
De plysje hat trije manlju oanhâlden foar de stellerij fan 2.000 liter disel. De brânstof waard yn de nacht fan freed op sneon stellen by in TotalEnergies-tankstasjon yn Boelensloane.
De fertochten makken by har stellerij gebrûk fan in spesjale pomp yn in oanhingwein. Dizze koe fia de peilliedingen fan de foarriedtanks de disel omheech pompe. De hiele aksje waard op befeiligingskamera's fêstlein. Mei troch de bylden kaam de plysje derachter dat de oanhingwein in hiereksimplaar wie.

Ferhierde oanhingwein

De karre wie ferhierd oant de moandeis nei de stellerij, en dus koe de plysje de fertochten opwachtsje by it werombringen fan de wein. Hjirby koe ien persoan oanhâlden wurde. Dêrnei folgen noch twa arrestaasjes. It giet om trije manlju: in man fan 30 jier út Noorderveld, in 30-jierrige man út Grijpskerk en in 24-jierrige man út Achtkarspelen.
Der sil noch sjoen wurde oft de saak ferbân hâldt mei oare diselstellerijen.