Frysk tallship Noorderlicht dobberet ûnbestjoerber op Atlantyske Oseaan

Noorderlicht, aanst de Reade Swan © Rob Oo (Flickr.com)
It wie eefkes skrikken foar de crew en gasten oan board fan de Noorderlicht. It skip fan Fryske rederij Swan Expeditions út Akkrum wie ynienen ûnbestjoerber wurden. En dat wylst it ûnderweis wie op de Atlantyske Oseaan.
It skip, mei oan board in groep skoalbern, wie ûnderweis nei de Kariben foar it Masterskipprogramma. Underweis op de Atlantyske oseaan wie de as fan de skroef nei achteren ferskood en tsjin it roer oankaam. Dêrtroch wie sawol stjoere as op de motor farre net mear mooglik.
It tallship dobbere dêrtroch ûnbestjoerber op de oseaan. In sleepboat hat de Noorderlicht úteinlik nei in haven ta brocht. Dêr koe se fuort út it wetter helle wurde om reparearre te wurden.

Lissabon

De learlingen dy't oan board wiene, binne opfongen yn in hûs yn Lissabon. Dêr koenen se ek harren reguliere lessen folgje. Yntusken is it tallship reparearre en sil it woansdei wer fierder nei de Kariben.
De Noorderlicht is it twadde skip fan Swan Expeditions, dat op dit stuit ek mei de Wylde Swan ûnderweis is op de Atlantyske Oseaan. De skippen wurde brûkt foar in ûnderwiisprogramma foar learlingen fan Nederlânske middelbere skoallen. Sy krije de mooglikheid om it silen op in tallship ûnder de knibbel te krijen en tagelyk regulier ûnderwiis te folgjen.
De Noorderlicht is begjin 2022 oanskaft troch Swan Expeditions, fanwege de grutte belangstelling foar sokke reizen. It skip wurdt njonken de ûnderwiisreizen ek brûkt foar toeristyske ekspedysjes nei de Noardpoal.