Minnertsgea by de tiid troch sinnepanielen, waarmtepompen en keunststof kezinen

In nijbouwenning yn Minnertsgea © Wonen Noordwest Friesland
Sinnepanielen, waarmtepompen en keunststof kezinen: wa't troch de Fjildleane of de Collot d'Escurystrjitte yn Minnertsgea rint, sjocht daliks de gefolgen fan de saneamde wijkvernieuwing dy't de ôfrûne jierren útfierd is troch wenningkorporaasje Wonen Noordwest Friesland.
Der binne 43 wenningen ûnder hannen naam. Achttjin dêrfan binne besteande wenningen dêr't yn ynvestearre is, wylst der ek tweintich wenningen sloopt binne om romte te meitsjen foar 25 nijbouwenningen. Tiisdeitemiddei is it projekt offisjeel oplevere.
"Dit is kwa omfang in grut projekt foar ús", seit projektlieder Peter Geertsma fan de wenningkorporaasje. "Ein 2018 ha we de earste ynformaasjeronde holden foar de bewenners hjir, dus der sit ek wol flink wat tiid yn."

Priiskaartsje

Neffens Geertsma is der ynset op isolaasje, mar ek op de fraach út de merk. "Mei de trochfierde ferduorsuming krije minsken in minder hege enerzjyrekken. Boppedat litte wy de nijbou better oanslute op de fraach, dus mear levensloopbestendige wenningen bygelyks."
Minnertsgea by de tiid troch sinnepanielen, waarmtepompen en keunststof kezinen
Geertsma wol net sizze wat it projekt krekt koste hat. "Mar der hinget in flink priiskaartsje oan, dat kloppet", laket er. "Mar dat heart der ek by. Wy binne der om te ynvestearjen yn maatskiplike wenningen, en dat bliuwe wy ek dwaan de kommende jierren."
Mei de doar ticht en de termostaat op njoggentjin is it no hearlik waarm yn 'e hûs.
Hierder Jurjen Binnema hat keunststof kezinen en acht sinnepanielen krigen
Op nûmer tsien wennet de famylje Binnema al sa'n fjirtich jier. "Doe't se mei dit idee kamen, tochten wy earst wol: wat moat dit wurde? Mar úteinlik binne wy tige tefreden oer wat der allegear bard is en wat it opsmiten hat", seit Jurjen Binnema.
Der lizze tsjintwurdich acht sinnepanielen by Binnema op it dak. "En we ha ek noch in nije doar en nije kezinen krigen", leit de bewenner út. "Mei de doar ticht en de termostaat op njoggentjin is it no hearlik waarm yn 'e hûs."

Sinnepanielen foar 10 euro

Hierders fernimme finansjeel sjoen net folle fan de ynvestearringen. Sa betellet de famylje Binnema sa'n tsien euro mear yn 'e moanne. Foar de sinnepanielen, sa seit er sels. De hierpriis is fierder gelyk bleaun.
De kommende tiid hat wenningkorporaasje Wonen Noordwest Friesland de ferduorsuming fan sa'n fjirtich hierwenningen yn Bitgum op it programma stean.