Enerzjymjitters en fjoerskalen: krystpakketten yn it teken fan enerzjybesparje

Monique Klaver en Dirkje Jansma © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Krystpakketten stean dit jier yn it teken fan enerzjy besparje. Troch de hege rekkens is elkenien folop dwaande mei sa min mooglik enerzjy te ferbrûken. Dat fernimt de krystpakkettebrânsj ek.
"Wy sjogge dat in soad bedriuwen it personiel helpe wolle", seit Dirkje Jansma fan in krystpakkettebedriuw yn Snits, wylst sy efter in rinnende bân stiet. Foar har leit in tsiental goudkleurige doazen dy't sy oan it ynpakken is.
Se leit in fjoerskaal en in enerzjymjitter yn ien fan de doazen. "It is dit jier foar it earst dat it sa bot oer enerzjy besparjen giet", seit Jansma. "Bedriuwen kinne it personiel helpe troch bygelyks in waarme tekken by it pakket te dwaan. Dochs in bytsje waarm bliuwe yn dizze kâlde winter fan hege gasprizen."
Enerzjy besparje is it tema fan de krystpakketten
"Het item dat we het meeste in de pakketten doen is een energiemeter", seit Monique Klaver, mei-eigener fan it bedriuw. "Zo kunnen mensen in de gaten houden hoeveel energie ze verbruiken. Dit hadden we voorheen eigenlijk nooit in een pakket. Dat is nu anders."
By in oar bedriuw yn Snits fernimme se ek dat der fraach is nei enerzjybesparjende pakketten. "Het is vooral ook bijzonder dat de vraag gedurende het jaar veranderd is", seit Aline Elgersma. "In augustus kregen we de gewone orders binnen, maar dat veranderde in oktober. De hoge energieprijs was volop in het nieuws en toen werden de energiebesparende artikelen populair. Je ziet dat bedrijven mee willen denken met hun personeel."
Aline Elgersma © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
By de bedriuwen yn Snits wurde dit jier yn totaal sa'n 100.000 pakketten makke. Dat is krekt safolle as ferline jier. De ynflaasje is histoarysk heech, mar bedriuwen besunigje net op de krystpakketten. "Het kerstpakket is ook een beetje heilig binnen een bedrijf", seit Elgersma. "Het is één van de laatste dingen waar je op wilt bezuinigen, want het blijft toch iets waar het personeel naar uitkijkt."