Noardwest-Fryslân freget Ryk om 20 miljoen tsjin 'fergrizing en ûntgriening'

Boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke © Omrop Fryslân
It wurde twa spannende moannen foar in grutte groep politisy en ûndernimmers yn Noardwest-Fryslân. De regio wol 20 miljoen euro ha út de Regiodeal fan it Ryk. Dat jild is nedich om stilstân en achterútgong tsjin te gean.
Ut ûndersyk fan it Fries Sociaal Planbureau docht bliken dat it oandiel 65-plussers yn it noardwesten fan Fryslân heger is as yn de rest fan Nederlân, en ek heger as yn de rest fan Fryslân. De kommende desennia sil dat oandiel noch fierder tanimme. Dat soarget foar problemen: âlderen bliuwe yn har hûzen, wêrtroch't trochstreaming blokkearre wurdt.
Tagelyk binne der hieltyd minder jonge minsken en bedriuwen dy't har yn noardwest-Fryslân fêstigje.

Duorsume enerzjy en wurkgelegenheid

De regio hat allerhanne plannen klearlizzen om de 'fergrizing en ûntgriening' tsjin te gean. Dy plannen geane ûnder oare oer it opwekken fan mear duorsume enerzjy mei bygelyks ierdwaarmte, sinnepanielen of wynturbines. Mar ek plannen om te soargjen dat jongeren yn de regio wenjen en wurkjen bliuwe kinne.
Om de plannen út te fieren, is der jild nedich. Dêrom wolle Harns, Waadhoeke en Ljouwert mei-elkoar oanspraak meitsje op 20 miljoen út de Regiodeal. Foar Ljouwert giet it om it noardwestlike part fan de gemeente, it part dat earder ûnder Ljouwerteradiel en Littenseradiel foel.
"We ha goede hoop", seit boargemaster Marga Waanders fan Waadhoeke. "It kin ek wêze dat we minder krije as de 20 miljoen, mar we wolle heech ynsette."
Sels as de regio hielendal bûten de boat falt, is der neffens Waanders noch gjin man oerboard. "Der komme mear mooglikheden. Yn totaal binne der trije rondes, wêryn't 900 miljoen ferdield wurdt. Mar we hoopje dat we begjin takom jier fuort goed nijs krije by de earste ronde."

Trije pylders

As it jild nei noardwest-Fryslân ta giet, dan wurdt dat ferdield oer trije pylders, sa't Waanders se omskriuwt. Dat binne 'Nije ekonomy', 'Fan krimp nei kwaliteit fan libben' en 'Natuerlik yn balâns'. "We wolle de struktuer fan de hiele regio fitaler en sterker meitsje. Dat is in projekt fan jierren."
Mocht de regio it jild krije, dan wurdt dêrnei oerlein hoe't it jild konkreet ferdield wurdt. Bedriuwen kinne dan bygelyks oanspraak meitsje op in part fan it jild, om in bydrage te leverjen oan de leefberheid.