De puzel fan Zalen Schaaf yn Ljouwert fielt as in waarme tekken

De grutte seal mei rjochts de draaide trep © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Zalen Schaaf fielt as in waarme tekken, it gebou jout in soad enerzjy. Dat seit Annemarie Lindeboom fan de projektgroep Agora. De projektgroep is mei de nije eigener fan it gebou, Boel, drok dwaande mei de ferbouwing. Kommende maitiid moat it gebou yn gebrûk naam wurde.
"It gebou fielt echt as in waarme tekken. It is it op ien-nei-âldste teäter fan Nederlân. It is hearlik om hjir te rinnen en wat del te setten", seit Lindeboom. Se hat wolris pineholle, mar dan mear fan de tsjinstanners fan it proses. Dat is no efter de rêch.
"Der moat noch in soad dien wurde oan it gebou. Wy binne krekt begûn. Dêrneist is der dat hiele trajekt fan fergunningen."
De ferbouwing is no los. Dy wurdt dien mei in oare eigener. "Wy hawwe ôfskied naam fan Jaap Hoekstra en syn kompanjon. Sy hawwe it gebou ferkocht oan Boel. Dy stie al as haadhierder te boek. Foar alle partijen wie dat in logyske stap en elkenien is bliid."
Dat seit ek Hoekstra. Neffens him is de konstruksje mei Boel as eigener logysk en better foar alle partijen.

Jeu de boules

Boel wol yn Zalen Schaaf in jeu-de-boulesbar iepenje. Yn Grins hawwe se dat konsept al. Dêr is it in grut sukses. Yn de grutte seal kin dan spile wurde. Dat wurdt dien op grutte, ferrydbere bakken. Dy kinne út de seal wei skood wurde, sadat dy brûkt wurde kin foar oare saken.
Merijn Goris fan Boel is wiis mei de seal. "Ja, dit is echt prachtig. Toen ik binnenkwam zei ik direct: Yes. Wat een fenomenale zaal. Dit is uniek."
De puzel fan Schaaf: mei pineholle nei in nije takomst
It konsept sa't hy dat yn Grins útrôle hat, moat hjir ek oanslaan: "Wat wij doen is 'doe-horeca'." Dus dat je lekker eet en drinkt en ondertussen je vermaakt met spelletjes."
Is is net de bedoeling om de seal te ferbouwen: "Nee, juist niet. We gaan met liefde voor de zaal er iets moois van maken. Juist ook om ervoor te zorgen dat die er over twintig jaar nog is."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Sa wurdt ûnder oare it plafond boppe de kroanluchter better útljochte. Sa moat de stjerrehimel dy't dêr skildere is, wer dúdlik sichtber wurde. "Vroeger was er meer groen in de zaal. We gaan kijken of we met mospanelen die sfeer terug kunnen halen."

Grutte seal bliuwt

It is net sa dat de grutte seal dan net mear troch oare partijen brûkt wurde kin, seit Lindeboom. "We hawwe in fergunning foar tolve eveneminten yn it jier. Dus ien yn 'e moanne. Fierders sitte wy hjir mei ús 25 partners. Dy kinne de seal - de katedraal sa't wy dy neame - brûke fan moarns oant fjouwer oere middeis."
Lindeboom tinkt dan oan studinten dy't dêr wurkje of buertbewenners dy't delkomme foar bygelyks kofje. "It wurdt in moetingsplak. Minsken kinne hjir byinoar wêze, fergaderje of repetearje." Romte foar grutte, rinnende teäterproduksjes is der allinnich net mear: "Dat kin ien kear yn de moanne. Dat stiet yn de fergunning. Yn stedsskouboarch De Harmonie binne fiif sealen."

Stêd yn in stêd

It is in stêd yn in stêd, sa seit Annemarie Lindeboom. "Achter it poadium bygelyks. Dêr binne allegearre húskes mei-elkoar ferweefd. It is in plak dêr't no neat mei dien wurdt. It is no benammen opslach. Der waard hjir in soad opslein, echt in soad."
Sy wol sjen wat se dêr dwaan kinne om romtes te kreëarjen dêr't minsken wurkje kinne. Ek moat achter it poadium in skate-café komme mei in indoor-halfpipe, in skatebaan. "We binne noch oan it sjen hoe't dat it bêste kin."
Yn de grutte seal stiet in draaide trep. Dy rint nei it âlde kontrôlesintrum fan de grutte seal. Dêrachter sit de romte dêr't jierren ferlyn in himpplantaazje fûn waard. Ek dêr hawwe se plannen foar.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"De plantaazje neame we dy romte. Dy sille we ferbouwe. Der kinne dan lytsskalige optredens hâlden wurde of in filmfoarstelling." Sa soe ûnder oare it alternative poppoadium Asterix dêr in plak krije kinne.

Spûkferhalen

Troch de jierren hinne binne der in soad ferhalen yn omrin kaam oer it teäter. Foar Lindeboom stekt ien der mei kop en skouders boppeút. Dat fan de geast fan Nel Schaaf. "Dêr wurde in soad ferhalen oer ferteld. Dat se hjir noch omspûket. Dêr sille we dan seker wat mei dwaan. Sa neame we de studio's dy't hjir yn it gebou sitte 'de Nel studio's'. Sa besykje wy har dochs wat yn eare te werstellen."
Wannear't de folsleine ferbouwing klear is, witte Goris en Lindeboom net. As de grutte seal klear is, wurdt de foyer ûnder hannen naam. Dat it noch eefkes tiid nimt, is wol dúdlik.
"De grutte seal beslacht mar ienfiifde part fan it hiele gebou. It giet om in oerflak fan 2500 kante meter. In gemiddeld hûs hat sawat 100, 120 kante meter en dat nimt al in soad tiid yn beslach ast dat opknappe moatst."
Sintraal bliuwt foar Lindeboom ien opjefte: it behâld fan de karakteristike eleminten. Want krekt dat makket Schaaf ta Schaaf.