VNG wurket oan dúdlikere regels foar húsfêsting arbeidsmigranten

In part fan de arbeidsmigranten wurket yn de kassen © ANP
Der wurdt wurke oan dúdlikere regels foar de húsfêsting fan arbeidsmigranten. Dat seit Thomas Zwiers fan de Vereniging Nederlandse Gemeenten (VNG), de koepelorganisaasje fan de 344 Nederlânske gemeenten.
Der binne wol beheinde ôfspraken, oer wat wol of net mei op it mêd húsfêsting fan arbeidsmigranten. Dy gean benammen oer regels dêr't in gebou oan foldwaan moat, lykas feiligens. Gemeenten kinne sels ek saken regelje yn bestimmingsplannnen en der is in keurmerk foar kwaliteit fan de wenten.

Gjin fergunning, dan út keamer sette

Yn Waadhoeke wolle ferskate politike partijen dat de gemeente arbeidsmigranten út harren keamer set, as der gjin fergunning is. Ut antwurden op skriftlike fragen fan B & W falt op te meitsjen dat de gemeente dêr neat foar fielt.
De gemeente wol yn elk gefal earst besjen oft der dochs noch in fergunning jûn wurde kin foar keamerferhier. Tongersdei wurdt yn de gemeenteried fan Waadhoeke praat oer de húsfêstingsproblematyk fan arbeidsmigranten.

VNG: "Waadhoeke is pro-aktyf"

Zwiers ken de situaasje mei arbeidsmigranten yn Waadhoeke út de media. De Fryske gemeente stiet bekend as pro-aktyf wat arbeidsmigranten oanbelanget, seit er. De gemeente hat in húsfêstingsbelied en lang net alle gemeenten hawwe dat.
Waadhoeke wol by yllegale bewenning besjen oft der dochs in fergunning jûn wurde kin. Guon oare gemeenten diele boetes út by yllegale húsfêsting. Mar dêr wenje wol minsken en dy wolst as gemeente ek net samar dakleas wurde litte, neffens Zwiers.

Ferhierder moat regels witte

Hy wiist derop dat der te min húsfêsting is foar arbeidsmigranten yn Nederlân. De arbeidsmigranten sels kinne der ek net safolle oan dwaan dat dingen net goed regele binne. De ferhierder is dejinge dy't op de hichte wêze moat fan wat wol en net kin.
De situaasje hat twa kanten, giet Zwiers fierder. Nije lokaasjes foar arbeidsmigranten wolle wolris wjerstân opsmite. Mar oan de oare kant binne bedriuwen wolkom yn gemeenten fanwege de wurkgelegenheid. Uteinlik blike dan dochs in soad arbeidsmigranten nedich te wêzen om al it wurk útfiere te kinnen.
De VNG wurket der mei de gemeenten oan dat - foardat bedriuwen nei in regio helle wurde - yn it foar ôfspraken makke wurde oer wêr't dy minsken wenje moatte. Oars wurde arbeidsmigranten miskien op allerhanne plakken ûnderbrocht dêr't dat eins net winsklik is, sa beslút Zwiers.