Fytsers meie takom jier ien dei oer de Ofslútdyk

Fytsers oer de Ofslútdyk © ANP
Belange-organisaasjes en in mearderheid fan de Twadde Keamer hopen op mear, mar de Ofslútdyk giet takom jier ien dei iepen foar fytsers. Fan 2024 ôf wurdt der mear mooglik.
Keamerlid Bromet (GrienLinks) krige yn desimber 2020 in mearderheid fan de Keamer achter har, doe't se frege oft it net mooglik wie om fytsers en kuierders wer romte te jaan op de Ofslútdyk, hielendal nei't de renovaasje foarse fertraging oprint.
Want der rydt no wol fergees in bus tusken Koarnwertersân en Den Oever, sadat fytsers en kuierders fan Fryslân nei Noard-Hollân (en oarsom) komme kinne. Mar sels oer de dyk fytse of kuierje, dat mei net.
Minister Frank Harbers (Ynfrastruktuer en Wettersteat) fynt de situaasje net feilich genôch om in fytspaad of kuierpaad wer tagonklik te meitsjen, salang't der noch wurke wurdt.
De minister wol de Ofslútdyk yn 2023 wol ien dei beheind slute foar auto's, sadat fytsers en kuierders der wol oerhinne kinne. Wannear't dat krekt wurdt, is noch net dúdlik.

24 kilometer fytse

Yn 2024 is in part fan it renovaasjewurk klear, is de planning. De fytsbrêgen by de spuikompleksen binne der dan noch net, dus dêr moatte fytsers noch mei de bus by del. Tusken Koarnwertersân en Den Oever kin der dan wol fytst wurde oer in ôfstân fan sa'n 24 kilometer.
Harbers realisearret him dat ûnder oare it Fytsersbûn heger ynsetten hie, bygelyks mei tydlike fytsbrêgen. Dat kostet de minister lykwols te folle. "De kosten hiervan zijn naar verwachting enkele miljoenen extra."

Mooglik noch jierren

Wannear't de folsleine Ofslútdyk iepen kin foar fytsers en kuierders, doart Harbers net te sizzen. Hy hopet dat "de markt" mei oplossingen komt foar de berikberheid fan it fytspaad oer de spuikompleksen. "Mocht dit niet tot werkbare oplossingen leiden, dan kan de nu gekozen oplossing voor het fietsen en wandelen ook na 2025 nog worden voortgezet."