Beslút oer gaswinning by Ternaard útsteld nei maart 2023

Wierum yn de fierte fan it Skoar by Ternaard ôf © Remco de Vries
De NAM krijt oant en mei maart 2023 de tiid om de fergunningsoanfraach foar de gaswinning ûnder it Waad by Ternaard oan te passen oan de lêste juridyske tûkelteammen by de stikstofproblematyk.
Dat hat minister Christianne van der Wal (Natuer en Stikstof) woansdeitejûn yn Den Haag sein by in debat oer de natuer yn de Twadde Keamer.
Begjin dizze moanne waard al dúdlik dat it beslút oer de gaswinning útsteld wurdt, no't de Ried fan Steat in streek hellet troch de saneamde boufrijstelling. Mei dy frijstelling koe boud wurde, ek as soks gefolgen ha soe foar de stikstofbelesting fan de natuer.
No't dy frijstelling der net mear is, moat de NAM yn de fergunningsoanfraach oantoane dat sy harren boarynstallaasje delsette kinne sûnder dat dat te folle stikstofbelesting opsmyt foar de natuer. En dêr moatte sy in reedlike termyn foar krije, fynt de minister, dy't dêrby it earste fearnsjier fan 2023 neamde.

"Gjin romte foar moreel oardiel"

Van der Wal gong net yn op fragen fan de de Keamerleden om no al in streek te heljen troch de plannen. Sûnt febrewaris dit jier is in mearderheid yn de Twadde Keamer tsjin de gaswinning by Ternaard, mar de minister moat de fergunningsoanfraach toetse oan de wet en dat jout gjin romte "voor een moreel oordeel", seit se.