Update: Steuring by Fryske gemeenten is wer ferholpen

© ANP Foto
De technyske steuring dêr't in tal Fryske gemeenten hjoed mei kampte, is ferholpen. Ynwenners koene dêrtroch tydlik net goed holpen wurde.
It gie dan bygelyks om tsjinstferliening lykas it oanfreegjen fan paspoarten of rydbewizen.
Under oare yn Ljouwert, Noardeast-Fryslân, Waadhoeke en Dantumadiel wiene problemen. De gemeenten wiene troch de steuring ek telefoanysk min te berikken.
It is noch net dúdlik wat de oarsaak fan de steuring wie.