Stipepunt helpt mantelsoargers: "It rint my oer de hege skuon"

© Shutterstock
De needsaak fan mantelsoarch is net altyd fan bûten te sjen. As ien yn in rolstoel sit, is dat dúdlik, mar by psychiatryske problemen is minder goed sichtber dat ien help nedich hat. Dat seit Francien Bekius fan it Mantelsoarchynformaasjepunt yn De Fryske Marren.
It is tongersdei de lanlike 'Dei fan de mantelsoarch'. Mear as fiif miljoen Nederlanners soargje foar har partner, broer, suster, heit of mem. As betankje is der in mantelsoarchlunch yn restaurant De Fûke yn Ychten, Súdwest-Fryslân. De organisaasje is yn hannen fan it Mantelsoarchynformaasjepunt yn De Fryske Marren.
It rint my oer de hege skuon.
Francien Bekius oer hoe't mantelsoargers binnenkomme by it stipepunt
By it stipepunt kinne mantelsoargers harren ferhaal kwyt, wat faak al hiel bot helpt, seit Francien Bekius. "Se komme faak binnen mei de fraach dat se graach wat tiid foar harsels hawwwe wolle: 'It rint my oer de hege skuon. Hoe kin ik dat oanpakke?' Wy komme dan mei ideeën."

Eigen netwurk

It stipepunt jout dan de suggestje dat mantelsoargers ek om harren hinne sjen kinne oft se ien kenne dy't helpe kin. It giet derom dat se help freegje doare. "It is dreech om oan te jaan: ik haw help nedich, kinne jimme my miskien helpe?"

Frijwilligers

Wat ek mooglik is, is dat der frijwilligers ynset wurde. Yn De Fryske Marren kin dat by De Ferfanger. "As de ferfanger komt, kin de mantelsoarger efkes fuort. Bygelyks ien kear yn de wike nei it koar of tiid foar harsels nimme, sadat se oplade kinne."

Net altyd sichtber

Wurdearring is der wol foar it wurk en de ynset fan mantelsoargers, fynt Bekius. Mar oan de oare kant stean in soad minsken der net by stil, as de needsaak fan help minder goed sichtber is oan de bûtenkant.
"As jo man yn in rolstoel sit, dan sjocht elkenien dat. Dan witte se: dy hat soarch nedich, dêr komt altyd ien fan de thússoarch. Mar mantelsoarch is ek needsaaklik by psychiatryske problemen en dat sjochst net."
It is myn man of it is myn frou. Wy binne troud en dat is yn leaf en leed.
Francien Bekius oer dat benammen âldere minsken it wurd mantelsoarch net kenne
Mantelsoargers sels fine faak dat it normaal is wat se dogge, seit Bekius. "Ast útleist dat se mantelsoarger binne, dan sizze foaral âldere minsken: 'It is myn man' of 'It is myn frou. Wy binne troud en dat is foar altyd. Yn leaf en leed.' Se fiele har gjin mantelsoarger. Dat makket ek net safolle út, as se mar witte dat se help krije kinne."
Op de mantelsoarchlunch kinne se ûnderfinings útwikselje. Trûbadoer Piter Wilkens sil dêr ek spylje. Hy hat yn 2006 it mantelsoarchliet 'Stille helden' skreaun en sil dat nei alle gedachten ek sjonge yn Ychten.
It Mantelsoarchynformaasjepunt is ûnderdiel is fan sosjaal wurk De Kear yn de gemeente De Fryske Marren. Mantelsoargers kinne dêrhinne foar in harkjend ear, foar advys en ynformaasje en foar it organisearjen fan moetingsgearkomsten. Lykas de gearkomste op 'De dei fan de mantelsoarch' yn Ychten.