Noardlike provinsjes ûntfange 55 miljoen om stikstofútstjit werom te bringen

Melkfeehâlders krije subsydzje © Omrop Fryslân, Aise van Beets
Fryslân, Grinslân en Drinte ûntfange goed 55 miljoen euro fan it Ryk om de útstjit fan stikstof werom te bringen. It giet dan bygelyks om it ferminderjen fan stikstof yn de dong, mear kij yn de greiden, en skjinnere flierren.
De finansjele bydrage moat liede ta in fiifde minder stikstofútstjit. Alle 4.000 melkfeehâlders yn de noardlike provinsjes kinne der gebrûk fan meitsje. By de bedriuwen dy't meidogge, wurde de resultaten fan de maatregels metten.
Deputearre Klaas Fokkinga is wiis mei it nijs. "Mei dit bedrach kinne we in moaie slach slaan yn de stikstofproblematyk. De maatregels dy't fuortkomme út de subsydzje, sille fuortendaliks metten en fêstlein wurde. Allinnich sa kinst achterhelje wat wurket en wat net."

'Moaie earste stap'

De trije provinsjes hiene earder in bedrach fan 180 miljoen frege. Oft de rest noch folget, sil ôfhingje fan de kommende resultaten, ferwachtet Fokkinga. "As bedriuwen aanst bygelyks 20 oant 30 persint stikstofreduksje witte te realisearjen, dan sil der sûnder mis mear subsydzje frijmakke wurde", seit de deputearre. "Dizze 55 miljoen euro is yn elts gefal in moaie earste stap."