COA set streek troch opfang jonge flechtlingen yn Appelskea

Hotel Aan de Vaart yn Appelskea © Google Street View
Der komme gjin jonge asylsikers mear yn Hotel Aan de Vaart yn Appelskea. Neffens it COA kinne de betingsten en nedige oanpassingen oan it gebou net op koarte termyn regele wurde.
It Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) hat dit al oan de gemeente Eaststellingwerf witte litten. It soe gean om minderjierrige frjemdlingen dy't allinne binne.
Yn earste ynstânsje tocht it COA dat it hotel geskikt wie as opfanglokaasje, mar wol as der noch wat oanpassingen en ferbetteringen oan it gebou dien wurde koene. Mar dat is net op koarte termyn helber, sa hat de oanbieder dy't lokaasjes foar it COA ûndersiket witte litten. Dêrom kin it hotel net oan it COA ferhierd wurde.

Opskuor om neat

Boargemaster Sandra Korthuis fan Eaststellingwerf hat it COA witte litten dat se tige teloarsteld is yn de gong fan saken. "Als de locatie van tevoren goed was onderzocht, dan hadden we het hele traject niet op hoeven starten. Dan waren wij niet overvallen, dan was er ook niet zoveel commotie geweest in het dorp."
It COA seit fierder te begripen dat de ynwenners fan Appelskea en de gemeente Eaststellingwerf har oerfallen fielden toch de oankundiging fan de opfang. It COA hat in ynformaasjebrief nei de ynwenners fan Appelskea ferstjoerd.
Sandra Korthuis, boargemaster fan Eaststelingwerf © Gemeente Eaststellingwerf
Mar dy opskuor wie neffens Korthuis net de reden dat der no in streek troch de opfang giet. "Aan de voorkant hebben omwonenden vaak moeite met zo'n ontwikkeling, maar overal in het land gaat het goed met de opvang van deze jongeren. De reden dat het niet doorgaat, is puur bouwkundig."
Het is vooral triest voor de zestig jongeren die hier opgevangen zouden worden.
Boargemaster Sandra Korthuis
Korthuis fynt it hiel spitich dat de opfang net trochgiet. "Ik snap heel goed dat het COA voor een onmogelijke opgave staat. Met elkaar hebben we de plicht om goede zorg en opvang te verlenen. De kans die hier lag, gaat nu voorbij. Dat is vooral triest voor de zestig jongeren die hier opgevangen zouden worden."
It COA jout oan it spitich te finen, want de organisaasje hie wol graach de mooglikheid hân om in opfangfoarsjenning te realisearjen yn it doarp. Korthuis slút har dêrby oan: "Achteraf concludeer ik, en daar baal ik van, was dit hele traject niet nodig geweest."