Boargemaster by Wolvegeasters del dy't net bliid binne mei opfangsjaletten

Boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf © Omrop Fryslân
De tweintich sjaletten dy't gemeente Weststellingwerf kocht hat foar statushâlders, komme oan de Hoofdweg yn Wolvegea te stean. Omwenners binne net bliid en dus komt de boargemaster op de kofje.
It giet om statushâlders dy't no noch yn grôtfolle asylsikerssintra sitte, yn Nederlân bliuwe meie en dy't wachtsje op in hûs.
De lokaasje oan de Hoofdweg is neffens de gemeente geskikt om't de oanlis fan stroom, rioel en wetter fluch regele wurde kin. Troch de sjaletten yn te setten wurdt de druk op de huzemerk net noch heger.
De Hoofdweg yn 'e rjochting fan Wolvegea © Google Street View
De gemeente kocht de sjaletten foar goed 400.000 euro yn it suden fan it lân om foldwaan te kinnen oan de opjefte foar de opfang fan statushâlders. Weststellingwerf hat in efterstân yn it húsfêstjen en krige fan it Ryk en it COA in tik op 'e fingers.
Dit jier moatte der noch 32 statushâlders in hûs krije en gemeenten moatte fan it Ryk ek har bêst dwaan om oan de taakstelling fan 2023 te foldwaan.
Weststellingwerf seit mei klam dat it in tydlike oplossing is, oant der gewoane huzen beskikber binne.

Omwenners tsjin it plan

Omwenners binne net wiis mei de plannen. Sy hawwe noed oer de ferkearsfeiligens, de privacy en de wearde fan har hûs, sa jout de gemeente oan. De omwenners binne al fan de komst op 'e hichte brocht mei in ynformaasjegearkomste.
Boargemaster André van de Nadort en wethâlder Mariska Rikkers sille persoanlik by omwenners del om yn petear te gean.