Asylwet set VNG foar fraachtekens, Veenstra wol ek bonus foar besteande azc's

Fred Veenstra, foarsitter fan de Vereniging van Friese Gemeenten © Omrop Fryslân
Fred Veenstra is as foarsitter fan de Vereniging van Friese Gemeenten wiis dat de asylwet der komt. Dêrmei kinne gemeenten twongen wurde ta de opfang fan asylsikers. Wol sit er noch mei in soad fraachtekens.
Dat de spriedingswet fan steatssekretaris Eric van der Burg grien ljocht krigen hat, is neffens Veenstra goed nijs dêr't it lân fierder mei kin. "Want de diskusje hat hiel lang duorre en der kaam mar gjin ein oan dit politike gedoch."
It probleem is wol dat gemeenten noch gjin idee hawwe fan wat der krekt yn komt te stean. "Wy witte ek noch net om watfoar oantallen it giet foar in gemeente. Wy witte allinne dat de wet takom jier yngean sil, as de Twadde en Earste Keamer der mei ynstimme."

COA-kapasiteit

It is de bedoeling dat it Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA) yn april de organisaasje fan de asylopfang oernimt fan de Veiligheidsregio's.
"It is dúdlik dat de ferantwurdlikheden ferskowe", seit Veenstra dêroer. "Wy dogge no in soad fia de Veiligheidsregio, mar oer in tal moannen is it COA wer ferantwurdlik foar de opfang fan minsken."
Steatssekretaris Eric van der Burg fan Justysje en Feiligens © ANP
Veenstra wachtet noch mei swithantsjes ôf oft it COA dêr echt klear foar is. Dy organisaasje hat it al flink foar de kiezzen hân. Op dit stuit binne de kapasiteit en de minsken der net, konkludearret Veenstra. "Dêr leit noch wol in stevich punt fan diskusje."

Bonusbedraggen

Nei in soad diskusje en in petear mei premier Mark Rutte gie de VVD-fraksje akkoart. Yn febrewaris soene alle gemeenten te hearren krije matte hoefolle asylsikers sy opfange moatte foar in perioade fan op syn minst fiif jier.
It oantal hinget fan de grutte fan de gemeente ôf, mar it giet wis om 100 plakken. Foar elts ekstra plak krijt in gemeente 2.500 euro.
As gemeenten foar maaie net mei plannen komme, is de bonus noch mar 1.500 foar elts plak. Dat wurdt dan allinne betelle as op syn minst trijekwart fan it totale oantal plakken foar de provinsje helle wurdt en dy op syn minst twa jier beskikber binne.
Binne der yn septimber noch gjin nije opfangplakken regele, dan hat it COA it foech gebouwen op te keapjen foar opfang. Sa is der op meardere mominten in stôk efter de doar.

Veenstra wol ek beleanning besteande azc's

Foar Veenstra smite de bedraggen noch wol ûnwissens op. "Want oft dat ek jildt foar de besteande azc's, dat witte wy net. It soe hiel spitich wêze as dat net sa is. Want dan hawwe wy jierren ús bêst dien en krije wy neat."
Neffens him soe it net allinne in beleanning foar nije, mar ek foar besteande inisjativen wêze moatte. "Ik hear ek al kollega's dy't dêrfoar pleitsje. Dat sil ik út de VFG wei ek dwaan, yn 'e rjochting fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten."
It azc yn Drachten © ANP
De VNG hat al wol witte litten it goed te finen dat der in 'doorbraak' is. Ek de VNG moat noch te witten komme wat de konsekwinsjes foar gemeenten binne.
Veenstra kin him goed foarstelle dat der noch nije azc's yn Fryslân komme. Ek Fryske gemeenten binne noch yn petear mei it COA, seit hy. Wol seit Veenstra dat Fryslân al jierren 'syn uterste bêst' docht as it om it regeljen fan azc's, krisisneedopfang, it opfangen fan Oekraynske flechtlingen en it húsfêstjen fan statushâlders giet.