Port of Harlingen fiert it lustrum mei it iepenjen fan in 'seachtosksteger'

De seachtoskstegers yn Harns
© Port of Harlingen, Joachim de Ruijter.
Port of Harlingen iepenet tongersdei in nije steger yn de haven van Harns. It giet om in saneamde seachtosksteger. Dy is ûnderdiel fan it High Five Feest, dat Port of Harlingen organisearret fanwege it fiifjierrich bestean.
Port of Harlingen funksjonearret no fiif jier selstannich yn de haven fan Harns. Dit havenbedriuw is ferantwurdlik foar de ekonomyske ûntwikkeling, it behear, ûnderhâld en eksploitearjen fan de Harnzer haven.
Der binne yn de fiif jier grutte stappen set, seit direkteur Paul Pot. "We hebben vijf jaar heel hard gewerkt om die verzelfstandiging vorm te geven en een echt havenbedrijf te worden."
Port of Harlingen iepenet nije steger mei it lustrum
De seachtosksteger is in 220 meter lange steger fan beton foar fiskersskippen. De steger leit by de fiskershaven. "We hebben de oude houten steigertjes gesloopt en daar hebben we een hele nieuwe betonnen steiger neergelegd. Helemaal gericht op de verduurzaming van die visserij."
Blide manlju by de iepening fan de steger
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
De nije steger is foar it bedriuw net de iennige reden foar in feestje, seit Pot. "We hebben grond uitgegeven, grond aangekocht. We hebben dit pand aan de waddenpromenade aangekocht en herontwikkeld. Er is een upgrade gemaakt van de verkeerspost en ook van het havenmanagementsysteem. Dus er is echt heel veel gedaan."
De haven fan Harns
© Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Port of Harlingen is op dit stuit oan it ûndersykjen wat de knyppunten binne yn de haven. "De haven van Harlingen is relatief klein, maar wel heel erg druk. Dat levert hier en daar gevaarlijke situaties op. Dus we moeten kijken of alles veilig en goed toepasbaar is."
De haven útwreidzje sil lestich wêze. "Dat zal zeker niet richting het wad zijn, vanwege de natuurgebieden. Maar mocht het nodig zijn, dan kunnen we altijd nog een stukje Fryslân in. Een haven is nooit af, zeg ik maar."