Jorrit Bergsma hat ien wedstriid omsirkele, Femke Kok jaget op revânsj

Jorrit Bergsma en Femke Kok, mei op de achtergrûn it reedrydstadion fan Stavanger © ANP / Orange Pictures
Fryske froulju binne goed fertsjintwurdige by de wrâldbekers reedriden, mar by de manlju moat Jorrit Bergsma yn syn ientsje de eare heech hâlde. Mei sportferslachjouwer Andor Faber sjogge wy foarút.
It ynternasjonale reedrydseizoen set hjoed útein yn Stavanger, yn Noarwegen. Twa wiken lyn wie de ôftraap fan it Nederlânske reedrydseizoen mei it kwalifikaasjetoernoai foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden.
Yn Thialf makken Antoinette Rijpma-De Jong en Marrit Fledderus in sterke yndruk, wylst Femke Kok har nivo fan de ôfrûne seizoenen noch net helle.
Andor, fan wa hast hege ferwachtingen dit seizoen?
"Ik fûn dat der op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai in oantal Fryske reedriders boppeút stutsen. Jorrit Bergsma moast it twa kear krekt ôflizze tsjin Patrick Roest, mar notearre prima tiden foar dizze faze fan it seizoen. Hy docht gewoanwei dit wykein ek mei om it goud op de 5.000 meter.
By de froulju wie Antoinette Rijpma-De Jong solide twa wiken lyn. Se sjocht ek noch altyd ferbetterpunten en heart by de kânshawwers op de 1.500 en 3.000 meter."
Marijke Groenewoud kin it de wrâldtoppers lestich meitsje, tinkt Andor Faber © Orange Pictures
"En Marijke Groenewoud is echt dé frou om yn de gaten te hâlden de kommende jierren. Dy wurdt better en better en it is in kwestje fan tiid dat dy Rijpma-De Jong en Irene Schouten derôf ride sil, as se sa trochgiet."
Hoe is it mei Femke Kok?
"Dy hie wol efkes in tikje te ferwurkjen twa wiken lyn, doe't se har net pleatste foar de wrâldbekers op de 1.000 meter. Dat tikje wie doe sa grut, dat se gjin sjoernalisten te wurd stien hat en lilk fuortgien is út Thialf. Mar dêrûnder hat se no in streek set, en se hat fansels de 500 meter noch altyd om op werom te fallen.
Mar op dy ôfstân ried Jutta Leerdam ek goed. Dy beide froulju sitte op de 500 meter hiel ticht byinoar. Miskien is it foar Kok no in foardiel dat se mar ien ôfstân rydt, tsjinoer trije foar Leerdam."
Marrit Fledderus ried ferrassend sterk op it kwalifikaasjetoernoai. Hoe goed is se yn it ynternasjonale fjild?
"Ja, sis dat wol. Se ferbruts har persoanlik rekôr op de 500 meter twa wiken lyn. Se hat ôfrûne simmer echt wer in stap makke en is noch altyd mar 21 jier. Ik tink net dat se al in medalje helje kin yn it ynternasjonale fjild, mar as se dizze ûntwikkeling trochset, duorret dat net lang mear."
It is in nei-olympysk jier. Hoe belangryk is dit seizoen dan foar Jorrit Bergsma, dy't fierder sawat alles al wûn hat?
"It is seker in wichtich seizoen. Jorrit Bergsma wol fansels sjen litte dat de oerstap nei syn nije ploech Jumbo-Visma fertuten dien hat."
Bergsma hat ien wedstriid mei read omsirkele yn syn aginda: op it WK ôfstannen yn Thialf hopet er de 5.000 meter te winnen.
Andor Faber
"En hy hat yn syn karriêre yndie in hiel soad wûn, mar dochs hat er ien wedstriid mei read omsirkele yn syn aginda: op it wrâldkampioenskip ôfstannen yn Thialf hopet er de 5.000 meter te winnen. Nea earder wûn er de wrâldtitel op dy ôfstân nammentlik."
Rintje Ritsma is dit seizoen foar it earst bûnscoach. Sjochst syn hân al wat werom?
"Noch net echt, mar dêrfoar is it ek noch wat te betiid. Hy is in pear wiken lyn pas úteinset. De nammen dy't er no foar de ploege-ûnderdielen oproppen hat, binne ek net hiel ferrassend.
Je sjogge syn hân wol werom yn it gedrach fan de reedriders. Se nimme de teamûnderdielen dúdliker serieuzer as de ôfrûne jierren ûnder Jan Coopmans. Der wurdt faker mei-inoar traind en dat is in goed teken. Dat moat him letter yn dit seizoen útbetelje."
It programma foar de Friezen dit wykein:
Freed 11 novimber
- 500 meter froulju mei Femke Kok, Marrit Fledderus en Michelle de Jong
- 3.000 meter froulju mei Antoinette Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud
- ploege-efterfolging manlju mei mooglik Jorrit Bergsma
Sneon 12 novimber
- 1.500 meter froulju mei Antoinette Rijpma-de Jong, Marijke Groenewoud en Reina Anema
- 5.000 meter manlju mei Jorrit Bergsma
- ploege-efterfolging froulju mei mooglik Antoinette Rijpma-de Jong en Marijke Groenewoud
Snein 13 novimber
- massastart froulju mei Marijke Groenewoud
- massastart manlju mei Jorrit Bergsma
- 1.000m froulju mei Antoinette Rijpma-De Jong, Marrit Fledderus en Michelle de Jong