Rjochtbank docht útspraak yn saak oer 'Tindermoard' yn Ljouwert

Thomas R. by in sitting yn july © ANP Foto
De rjochtbank docht freed útspraak yn de saak tsjin Thomas R. (27) fan Leek, dy't terjochtstiet foar it deastekken fan de Amerikaanske studinte Mieke Oort (21) yn Ljouwert. It Iepenbier Ministearje hat in selstraf fan tweintich jier en tbs mei twangferpleging tsjin him easke.
De jonge frou waard op 6 maart yn har studintewenning oan de Tweebaksmarkt yn it sintrum fan Ljouwert deastutsen. De saak stiet bekend as de 'Tindermoard'.
It slachtoffer hie de fertochte yn it neijier fan 2021 kennen leard fia datingapp Tinder, mar nei in oantal wiken rûn it kontakt minder goed. Oort krige in relaasje mei in oare man.

Mes, hammer en molotovcocktails

R. seach har op de betide moarn fan snein 6 maart dûnsjen mei dizze man op in húsfeest yn de studintewenning fan Oort. Hy gong mei syn auto werom nei syn wenplak Leek en kaam werom mei in mes, in hammer en twa molotovcocktails.
Nei't R. in benzinebom tsjin de wenning smiten hie, gie er nei binnen en stuts er Oort meardere kearen.

Obsedearre

It IM giet út fan in plande aksje en dêrmei moard. Oorts freon waard ek rekke en rekke swierferwûne. Dat is in poging ta moard, stelde it IM by de rjochtbank yn Ljouwert. R. hat de hannelingen bekend. Hy wie nei eigen sizzen obsedearre troch Oort.
De âlden en sus fan Oort folgje de strafsaak fanút de Feriene Steaten.