Doarpen Waadhoeke oer húsfêsting arbeidsmigranten: "Leefberens ûnder druk"

Marcel van der Vaart, foarsitter fan doarpsbelang Sint Jabik © eigen foto
It is de gemeenteried fan Waadhoeke 'menens', dat wie it boadskip foar wethâlder Kees Arendz. De keamerferhier oan arbeidsmigranten soarget foar safolle argewaasje, dat de folsleine ried wol dat it kolleezje folle aktiver hanthavenet op it dossier.
It ûnderwerp stie tongersdeitejûn op de aginda fan de gemeenteried fanwegen in riedsbrede moasje, mar ek om't der ynsprutsen waard troch Marcel van der Vaart, foarsitter fan doarpsbelang Sint Jabik. Hy die it wurd út namme fan de fiif doarpen Seisbierrum, Easterbierrum, Tsjummearum, Minnertsgea en Sint Jabik.

'Net tsjin arbeidsmigranten'

Hy fertelde dat de ynwenners net perfoarst tsjin arbeidsmigranten binne. "We binne der sels hiel bliid mei. Mar se wenje, wylst je witte dat it yllegaal is, yn de doarpen. Dat kinne se it se bêste bûten it doarp dwaan. Of noch better, by de wurkjouwer op it terrein. No giet it te'n koste fan de doarpen."
It grutste probleem is dat de leefberens yn de doarpen bot ûnder druk komt te stean. Oarspronklik mochten yn Sint Jabik sa'n 30 oant 40 arbeidsmigranten wenje neffens it fergunningssysteem, mar der sitte no ûngefear 150 yn it doarp.
Der kamen sa'n hûndert minsken nei de riedsgearkomste om Van der Vaart te stypjen © Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân
"Yn totaal hat it doarp sa'n 1400 ynwenners", leit Van der Vaart út. "Dan giet it oer tsien prosint, dat is in hiel soad. Dizze minsken ite, sliepe en wurkje. Dy dogge net mei oan it doarpslibben, en as it der safolle binne, dan wurdt it allegear minder by de sportklup of by it MFC omdat der gewoan minder minsken binne."

Ried wol tasizzingen

Wethâlder Kees Arendz sei op fragen fan Paul de Cock fan de FNP dat hy it dwaan moat mei it beleid dat der no ienkear leit. Wol sei hy dat de gemeente wat faker hanthavenje kin, en miskien alerter wêze moat.
De ried wie net tefreden mei dat antwurd en nei in koarte skorsing krige de wethâlder te hearren dat it de ried 'menens is'.
De ried woe ûnder oare de tasizzing dat der elke twa wiken nijs komt oer hoe't it giet mei de hanthavening. Boppedat moat der begjin 2023 nij beleid komme, sa waard frege.
"De reaksje fan de wethâlder hie yndied wol wat steviger kind", fynt Van der Vaart. "We ha yntusken de tasizzing krigen fan de wethâlder dat hy om dat nije belied foarm te jaan mei ús as doarpsbelangen om tafel wol. Ik ferwachtsje moarn syn telefoantsje."