Teleks: Skriuwersbûn wol dat oare ynstelling master Frysk fersoarget, yn Ljouwert

logo.ensafh

Deputearre Steaten en it Ryk moatte in oare universiteit sykje foar in folweardige masteroplieding Frysk, fynt It Skriuwersboun. De feriening is net wiis mei de gearwurking mei de Ryksuniversiteit Grins (RUG).
It Skriuwersboun is in feriening dy’t him ynset foar Fryske skriuwers, dichters, oersetters en publisisten. As brûkers fan de taal hat it bûn belang by in akademyske oplieding Frysk.
De gearwurking mei de RUG soe opsein wurde moatte, fynt it bûn. It wol fierder dat yn de Bestjoersôfspaak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) betingsten opnaam wurde foar de oplieding en de learstoel, mei literatuerstúdzje. Dêrby moat de Frisistyk eksplisyt neamd wurde.

Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *