Twa jonges pleatse stiennen op it spoar by Wurdum

In spoarline © ANP Foto
De plysje hat tongersdeitejûn twa jonges út de gemeente Ljouwert oanholden foar it pleatsen fan stiennen op it spoar by Wurdum. It giet om in jonge fan 14 jier en in jonge fan 15 jier âld.
It duo waard krekt foar 20.00 oere oan de Legedyk steandeholden troch personiel fan ProRail, dat de plysje ynskeakele. Beide jonges binne dêrnei oanholden.
Neffens de plysje wurde der al langere tiid by jûnstiid stiennen op de rails lein. Dat soarget foar gefaarlike situaasjes. It is ûndúdlik oft dizze jonges dêr ek foar ferantwurdlik binne.
De plysje giet mei Bureau Halt yn oerlis oer in eventuele straf foar de jonges.