Definsje reagearret op 'ûnberikber' klachtenûmer: "Mensen werden altijd al doorgestuurd"

In helikopter fan Definsje © ANP Foto
It klachtenûmer dat Definsje ynsteld hat yn ferbân mei de grutte oefening Falcon Autumn is net út de loft helle fanwegen 'ûnfersteanbere Friezen'. Wurdfierder Wilco ter Horst ûntkent eardere berjochtjouwing dêroer.
Neffens RTV Drenthe hie Definsje derfoar keazen om it nûmer troch te skeakeljen nei de voicemail om't in part fan de klachten út Fryslân kaam. Dat soe in taalbarriêre opleverje mei de telefonisten fan Definsje.
Yn de voicemail wurde minsken mei klachten trochstjoerd nei in klachteformulier op de webside fan Definsje. Dat is lykwols net nij, seit Ter Horst. "Het is bij klachten al tijden zo dat mensen doorgestuurd worden naar een klachtenformulier. Dat is nu niet anders."
It tal klachten is wol wat tanaam sûnt de oefening dwaande is, seit Ter Horst. De klachten geane ûnder mear oer lûdshinder, mar ek oer skea. "De klachten over schade krijgen daarbij voorrang en proberen we zo snel mogelijk op te lossen", seit Ter Horst.
De Operaasje Falcon Autumn duorret fan 31 oktober oant 18 novimber en hat yn hiel Nederlân plak. By dizze operaasje oefenet de Nederlânske kriichsmacht it beskermjen fan it NAVO-grûngebiet.
Oan Falcon Autumn dogge mear as tûzen militêren fan de lân- en loftmacht en 35 helikopters mei.