Fyftjin jier sel foar dieder 'Tindermoard' op studinte Mieke Oort

Thomas R. by in eardere sitting © ANP Foto
Thomas R. (27) fan Leek is troch de rjochtbank feroardiele ta in selstraf fan fyftjin jier foar it deastekken fan de Amerikaanske Mieke Oort (21) yn Ljouwert. It Iepenbier Ministearje easke in selstraf fan tweintich jier.
De rjochtbank leit de man ek tbs mei twangferpleging op, dat wie ek de eask fan it IM. Dat de straf leger útfalt as de eask fan it IM, komt omdat de rjochtbank R. 'verminderd toerekeningsvatbaar' achtet.

'Tindermoard'

De jonge frou waard op 6 maart yn har studintewenning oan de Tweebaksmarkt yn it sintrum fan Ljouwert deastutsen. De saak stiet bekend as de 'Tindermoard'.
De fertochte en it slachtoffer hiene inoar yn 2021 kennen leard fia datingapp Tinder, mar nei in oantal wiken rûn it kontakt minder goed. Oort krige in relaasje mei in oare man.

Mes, hammer en molotovcocktails

R. seach har op de betide moarn fan snein 6 maart mei dizze man dûnsjen op in húsfeest yn de studintewenning fan Oort yn Ljouwert.
Hy gong mei syn auto werom nei syn wenplak Leek en kaam werom mei in mes, in hammer en twa molotovcocktails. Nei't R. in benzinebom tsjin de wenning smiten hie, gie er nei binnen en stuts er Oort meardere kearen.

Obsedearre

It IM gie út fan in plande aksje en dêrmei moard. Oort har freon rekke troch de aksje swierferwûne. Dat is in poging ta moard, stelde it IM by de rjochtbank yn Ljouwert. R. hat de hannelingen bekend. Hy wie nei eigen sizzen obsedearre troch Oort.
De âlden en sus fan Oort folgen de strafsaak fanút de Feriene Steaten.
Fyftjin jier sel foar dieder 'Tindermoard' op studinte Mieke Oort