Doarpsbelang ferromme oer net trochgean opfang yn Appelskea: "Een feestje"

Hotel Aan de Vaart yn Appelskea © Google Street View
De opfang fan 60 minderjierrige asylsikers yn Appelskea giet net troch. It COA hie foar dy opfang it Hotel Aan de Vaart op it each. It doarp reagearret ferromme op it nijs, seit Jan van Gelderen fan doarpsbelang.
"Een feestje", is de stimming yn it doarp neffens him. "Het gaat om alle omwonenden van het hotel, die waren verontrust. Die zijn nu blij met het nieuws dat het niet doorgaat."
Foar it doarp wie it neffens him in ferrassing wat der krekt barre soe. "Wij zijn niet betrokken bij de besluitvorming, dus wij moeten ook maar afwachten wat er gebeurt."

"Slechte beurt"

Boargemaster Sandra Korthuis fan Eaststellingwerf sei tongersdei al dat se teloarsteld is oer de gong fan saken. Van Gelderen kin him dêr wol yn fine. "Ik ben het eens met de burgemeester dat het van het COA een slechte beurt is geweest. Ik heb begrepen dat het COA een bureau inhuurt om locaties te zoeken. Die heeft dat via internet gedaan, niet fysiek."
Neffens Van Gelderen soe it COA de lokaasje oanmeld ha, sûnder der earst sels te sjen. "En dat begrijp ik ook wel, want het COA is wanhopig op zoek naar plekken. Zij waren allang blij dat ze een adres hadden."
Nettsjinsteande de situaasje wêryn't it COA sit, hie de kommunikaasje neffens Van Gelderen better kinnen. "Communicatie, daar valt en staat alles mee. Het overvalt mensen ook. De ongerustheid kan ik ook wel begrijpen."

Better ynskatte

Hy fynt dat it COA better fan te foaren ynskatte kinne hie oft de opfang mooglik wêze soe op de lokaasje. "Het COA had eerst naar het hotel moeten gaan, kijken of het inderdaad geschikt gemaakt kon worden, met een aannemer. Want wij in het dorp wisten wel dat het een verwaarloosd gebouw is."
It gebou soe wol geskikt makke wurde kinne foar opfang yn de takomst, mar Van Gelderen tinkt net dat de kâns grut is dat it COA dêrta beslút. "Ik denk dat dat echt heel veel geld gaat kosten. Het hotel stookt bijvoorbeeld nog op houtkachels. Volgens mij is het COA ook geschrokken van de kosten."
It COA wol freed noch net reagearje.