Lemster Dickens Festijn los mei tariedings foar krystspektakel

Wylst de measte minsken wachtsje op de komst fan Sinteklaas dit wykein, binne se op De Lemmer mei de holle by de krysttiid. Dêr binne de tariedings foar it Lemster Dickens Festijn yn folle gong.
Sa wie der woansdei in pasjûn foar de 300 frijwillige akteurs en figuranten. En dat betsjut in bulte klean. "Die hebben we de afgelopen jaren gemaakt", fertelt Annemarie Blitterswijk. Sy koördinearret it artistyke part fan it feest. "En we krijgen dingen, mensen weten ons te vinden als er wat over is."
Seis naaisters binne hast it hiele jier dwaande om de kostúms te meitsjen, te waskjen, en te reparearjen foar it krystspektakel. It tema fan dit jier is A Magical Christmas, en dêr hearre dan spesjale kostúms by. "We proberen in alle acts wel een tintje magie toe te voegen." Dus ek yn de klean, troch ferljochting, glow-in-the-dark en bysûndere acts.
It Lemster Dickens Festijn is op 10 en 11 desimber.