Klaas Kielstra hat begryp foar spriedingswet: "Ynstream asylsikers moat beheind wurde"

Klaas Kielstra © Omrop Fryslân
It binne rûzige tiden foar de VVD. Minister-presidint Mark Rutte moast de Twadde Keamerfraksje fan syn partij fan 'e wike noch oertsjûgje om mei te gean yn de spriedingswet. Klaas Kielstra sjocht ferbetterpunten, mar fynt ek dat wy yn in tiid libje wêryn't der in soad spilet.
"Der spylje ek hiele wichtige ûnderwerpen op dit stuit. It wurd krisis falt tsjintwurdich hiel faak, de útdagingen binne grut. Dus de druk op de minister-presidint is ek grut. Hy funksjonearret neffens my noch altyd prima", fynt de fraksjefoarsitter fan de VVD yn Provinsjale Steaten.
Dat de presidint de partijleden meikrije moast om mei de rest fan de koälysje mei te stimmen, is neffens Kielstra wol "in wichtich ûnderwerp". Dêr moat neffens him dan ek goed oer praat wurde.

Gjin bedriging

Dochs sjocht er de mieningsferskillen yn de partijtop oer bygelyks de spriedingswet net as bedriging foar syn partij of foar Rutte. "Mark Rutte hat grutte ûnderfining hân de ôfrûne jierren. Op dit stuit komt alles byinoar."
As foarbyld neamt Kielstra it stikstofprobleem dat neffens him hieltyd grutter wurdt. "It giet net allinnich mear oer de boeren, mar it giet no ek oer de bou." Dêrnjonken binne ek de tanimmende asylstream en saken as de hege enerzjyprizen neffens him oanlieding foar druk op de polityk.
Yn in koälysje is it neffens Kielstra somtiden dreech om eigen stânpunten werom te finen
De partij krijt as koälysjepartij wolris te ferwiten dat it lûd fan de VVD net genôch mear te hearren wêze soe yn Den Haag. Dat falt neffens Kielstra wol ta, boppedat is it ek te ferwachtsjen. "Wy sitte yn in koälysje, dat is gjin ferrassing. Wy binne wol de grutste partij, mar wy moatte ek gearwurkje mei oare partijen."
"Op in oantal ûnderwerpen soenen wy miskien ek in oare kar makke ha", jout it steatelid ta. "Mar je moatte der mei syn allen útkomme. It is somtiden wol dreech om je eigen stânpunten werom te finen yn in situaasje dy't hiel kompleks is."
Dat betsjut net dat der ûnder de leden gjin ferlet is fan in werkenberder lûd. "Der is op dit stuit in flinke diskusje yn de partij geande, en de fraach wurdt steld oft wy ús noch foldwaande werkenne. Op in oantal terreinen is it somtiden wol efkes sykjen wat wy der no fan fine."
Twang past net hielendal by Nederlân.
Steatelid Klaas Kielstra
De ôfrûne wike gong it benammen oer de saneamde spriedingswet. Dy wet fan steatssekretaris Van der Brug moat de ferdieling fan asylsikers oer gemeenten earliker meitsje. "Ik snap it foar in part wol. Der binne no regio's, dêr heart it Noarden ek by, dy't in ûnevenredige hoemannichte minsken opfange. It wurdt aanst earliker ferdield."
By dy earlike ferdieling is lykwols ek twang ynboud. Dêr wie binnen de VVD in soad gedoch om. Gemeentes dy't net genôch dogge oan opfang soenen dan troch it ryk ferplichte wurde kinne om plak te regeljen. "Twang past net hielendal by Nederlân", fynt Kielstra. "Wy ha ús foegen behoarlik desintralisearre, dus dit fine wy wol yngewikkeld."
Klaas Kielstra fynt dat de ynstream fan asylsikers beheind wurde moat
"It kin yn it uterste gefal wol barre. Oan de oare kant is it ek sa dat wy folle mear saken oplein krije fan Den Haag út, en dat hjit net twang, mar dat binne gewoan bestjoerlike ôfspraken. Dit falt op."
Muoite mei de mooglikheid ta twang hat er wol, nettsjinsteande giet de wet him net te fier. "At ik sjoch nei de útwurking hoe't er der no leit, falt it ta. Mar it wurd twang leit yngewikkeld, want twang hat ek te krijen mei draachflak. Yn in mienskip, benammen in lytse mienskip, moat wol draachflak wêze."

Tsjinprestaasje

De top fan de partij hie beswieren tsjin it twingen fan gemeenten, mar gong úteinlik wol mei yn de spriedingswet. Dêr moast tsjinoer stean dat de ynstream fan asylsikers ek werombrocht wurdt. Dêroer binne lykwols gjin konkrete ôfspraken.
"De Twadde Keamerfraksje hat sein: 'wy kinne it wol stypje, mar dan moatte wy ek oare maatregels nimme'. Dat is benammen it beheinen fan de ynstream." Rutte hat tasein syn bêst te dwaan om dat foarinoar te krijen. "De mooglikheden dêrta binne beheind, dat is moarn ek net klear."
Neffens Kielstra moatte benammen prosedueres rapper en effisjinter. "De azc's reitsje ferstoppe troch minsken dy't net fierder kinne." Dêr heart neffens Kielstra ek by dat minsken dy't gjin inkelde kâns mear meitsje op in ferbliuwsfergunning sa gau as mooglik werom moatte.
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Klaas Kielstra.
It beheinen fan de ynstream bliuwt in drege opjefte, tinkt it steatelid. "Binnen de Europeeske wetjouwing is dat bêst dreech. Wy moatte sjen nei de knoppen dêr't we wol oan draaie kinne. Dat binne benammen ús eigen prosedueres, wy moatte rapper en krêftiger optrede."
Dêr stiet neffens him tsjinoer dat minsken dy't wol bliuwe meie, wolkom hjitten wurde en sa gau as mooglik meidwaan kinne moatte yn de maatskippij. Ek moat sjoen wurde nei oare lannen yn Europa dy't noch net in soad minsken opfange.

Werom nei de tekentafel

Mocht it net slagje om de ynstream fan asylsikers te beheinen, dan moatte de partijen werom nei tekentafel, fynt it steatelid. "De Keamerfraksje hat hiel dúdlik sein dat se wolle dat de ynstream beheind wurdt. Dat kin ek net oars, want op dit stuit geane we nei de 50.000 dit jier."
Kielstra is optimistysk oer de takomst fan syn partij
Ta beslút is takom wike sneon it folgjende VVD-kongres. Kielstra stelt fêst dat in skoft lang te min praat is oer wêr't de VVD krekt foar stiet. "Dat is no oan it feroarjen. Wy binne in ledepartij, wat de leden wolle, dêr moatte de politisy ek aktyf mei oan de gong. Op lokaal, provinsjaal of lanlik nivo."
Oer de takomst fan de partij makket Kielstra him net hiel drok. Ek net as Rutte ophâlde soe. "De partij is de partij en de partij is grutter as Rutte allinnich. Wy ha hiel goede kandidaten dy't Mark opfolgje kinne."
De cartoon fan Gerco van Beek © Omrop Fryslân