Giny Bastiaans

Etiketten

logo.ensafh

Ik moast etiketten ha foar myn fotomappen. Mar dy koe ik net fine yn de mega grutte boekwinkel dêr’t je eartiids in bibleteek yn ha koenen.
De boekwinkel yn myn jeugd wie in lyts skiterich winkeltsje, mar se hiene dêr wol etiketten. Ja, wat hiene se dêr net? Koesty de kont der hast net keare, mar álles wie der dêr’t je doe ferlet fan hienen.
BIC balpennen, potleaden, vulpennen, blauwe, swarte, sels reade inket, puntsjeslipers, gumkes, kleurpotleaden, nytsjes, ilastykjes, lym. Tekenboeken, kleurboeken. Carbonpapier. En noch folle mear.
Boeken fansels en planken fol kleurige berneboeken.
Dat is itselde bleaun.
Hoe hjitte dy ferlegen man yn dat winkeltsje ek al wer?
Oh ja, Stienstra!
Hy wie foar my in figuer út in mearke. Yn in winkeltsje dat sa hearlik rûkte, en dat fan ûnder oant boppe ta alhiel ynkleure wie, mei hjir en dêr wat sêft giel ljocht, as yn in dream. Ik fielde my dêr as Sjaky yn de Sûkelarjefabryk, of mear, Regyntsje yn Mearkeslân.

Yn dizze winkel gjin ferlegen âld mantsje, mar in lang blond famke.
In kreaze wat âldere hear frege har oft se him helpe koe. Mei it útsykjen fan in foarlêsboek.
In móai foarlêsboek.
Nee, gjin Frysk, hy leaude net dat de âlden dêr noch oan dienen, sei er spitich.
‘No,’ sei it fanke. ‘Dan lêst pake it toch gewoan foar?’
De wangen fan de menear kleurden wat rôzich. Hy kuchte wat ferlegen. ‘Ik leau net dat dat barre sil. De jonge mem is de eks fan myn soan. Fan jierren lyn. Sy is no, nei’t ik hoopje, lokkich troud. En foar it earst mem wurden.’
‘Lokwinske,’ sei de ferkeapster ûnnoazel en begûn boekjes byinoar te fandeljen.
‘Ik koe goed mei dat fanke oerwei,’ hearde ik him sizzen. ‘En ik fyn it moai dat se har eks-skoanheit in bertekaartsje stjoerd hat. Ík ha ek gjin rûzje mei har. En ik wol har lokwinskje en in presintsje stjoere.’

De boekferkeapster liet him wat boekjes sjen.
Hy blêde der wat troch, draaide him om nei my en liet my in plaatsje sjen.
‘Sjoch, fine jo dat no gjin aparte bisten?’ sei er. ‘Dino’s en blauwe tigers! En wat is dit no foar in bist? Witte jo dat?”
‘In unicorn,’ wist ik.
‘In wat?’
‘In eenhoorn.’
‘Wat is dat foar in ding?’
Ik hie ek gjin idee.

Hy beseach de omkaften fan de oare boekjes.
‘Binne der gjin gewoane boekjes?’ frege er oan it fanke dat mei in sunich mûltsje tichterby kaam. ‘Mei in ko en in barchje en in hin en sa?’
Sei dat blonde ding feninich: ‘Wêrom moatte it no wer krekt bisten wêze dy’t opiten wurde?’
‘Opiten wurde?’ sei de man ferheard. ‘Hoe komst dêr no op? In ko is foar in bern in bist yn it lân, in baarch heart yn ’e drek, en in hin leit in aai. Dat fine bern moai. Doe’t ús bern lyts wienen woene se hieltyd wer dyselde boekjes mei bisten besjen. Fan dy kartonnen boekjes dy’t op it lêst hast útinoar foelen. It koke sei Boe, it hintsje Tôk en in baarch sei GnGn. Dat koenen dy bern sa moai neidwaan. En dan seinen wy wier net: “En de ko ite wy lekker op. Fan de baarch meitsje se karbonades en it hintsje giet yn it sop.” Hâld op, it idee!’
‘Ik bin in bisteminsk,’ sei it fanke nuffich. ‘Ik hâld fan bisten. En ik begryp net dat minsken…’ Se sette har bril rjocht en snúfde eefkes.
Pake seach har ferstuivere oan, mar sei neat en ik die de mûle al iepen om it famke nei etiketten te freegjen.

Ynienen sei er tsjin it bistefanke: ‘Mar je kinne dochs ek gewoan nei in ko sjen? Sûnder dat je fuortdaliks oan iten tinke?’
Hy kearde har de rêch ta en seach my oan: ‘No ja, myn eks-skoandochter is in feganiste of soksawat. Wa wit dat sy ek sa nijmoadrich is om gjin boekjes mei in ko, in libbene gehakbal, foar te lêzen? Ik leau dat ik dat boekje “Waar is Poes” mar ha moat.’
Hy seach my ferwezen oan.
‘Of kin dat ek al net mear? Katten binne grutte moardners ha’k lêstendeis lêzen. Wat in yngewikkelde tiid libje wy yn.’ Hy naam syn hoed ôf, klaude eefkes wat op syn keale holle om, seach my oan en sei: ‘Wat kin it my ek skele, ik doch gewoan in leuk Frysk boekje. Jentsje syn pôt! Mar tjeukes, dát sil dan ek wol net mear kinne, tinke jo ek net? Mei dy bleate biltsjes deryn?!’
Hy prakkesearre der wat op om. ‘Witst wat? Ik stjoer wol in boekebon. Kin se sels mar in ûnskuldich boekje útsykje.’
Skuodholjend rûn er nei de kassa. En ik frege it fanke wêr’t ik de etiketten fine koe.
Hiene se net.

6 reaksjes op “Etiketten

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *