Sa is de wrâldferneamde natuerkundige Albert Einstein ferbûn mei de stêd Snits

Albert Einstein © ANP
Je soenen it miskien net fuort sizze, mar de wrâldferneamde natuerkundige Albert Einstein hat in konneksje mei de stêd Snits. De link rint fia wiskundige, astronoom, kosmolooch en natuerkundige Willem de Sitter.
De Sitter waard berne yn 1872, yn de buert fan de Wetterpoarte. Hy wie in tûke jonge, seit gemeente-argivaris Jack de Vries fan Súdwest-Fryslân.
"Zijn vader was rechter en zijn grootvader is burgemeester van Groningen geweest en was Eerste Kamerlid. De Sitter was een slimme jongen, want al snel ging hij naar het gymnasium en daarna naar de universiteit in Groningen om daar wis- en natuurkunde te gaan studeren."

Relativiteitsteory

Op in bepaald stuit hearde De Sitter fan de relativiteitsteory fan Einstein. "Hij zag direct het belang van die theorie. Uiteindelijk kwam het tot een briefwisseling met Einstein", leit De Vries út.
Willem de Sitter (rjochtsboppe) op de foto mei Albert Einstein, Paul Ehrenfest, Hendrik Lorentz en Niels Bohr. © Gemeente Súdwest-Fryslân
Dy briefwikseling late der sels ta dat Einstein en De Sitter tegearre in model ûntwikkelen, it Einstein-De Sittermodel. "Daarin stellen ze dat de kromming van de ruimte bijna gelijk is aan nul. Ik snap er zelf eigenlijk helemaal niets van", jout De Vries ta, "maar de contacten met De Sitter zijn zo wel blootgelegd."

Webside mei bekende minsken

Dochs is De Sitter net in hiel bekende namme, sels net yn Snits. "Ik had zelf ook nog nooit van hem gehoord", seit De Vries. "Dus het was voor mij een volslagen verrassing toen ik een website vond met alle bekende mensen ter wereld en dat ik deze naam tegenkwam."
De Vries dûkte dêrop yn de skiednis fan De Sitter. Hy ûntduts dat De Sitter him bot dwaande hold mei Jupiter en syn moannen. Op de moanne is der sels in krater nei him ferneamd.
Yn kultuerhistoarysk sintrum De Tiid fûn hy boppedat de berte-akte fan De Sitter. "Dan kun je ook lezen dat hij 's nachts om 2.00 uur geboren is", fertelt De Vries.
De berte-akte is digitaal te sjen op www.allefriezen.nl.