It spoar fan Fryslân nei Israel fan de Joadske kibboetsjongeren út Frjentsjer

Horst Meijer en Esther Wechsler © Fries Film & Audio Archief
Yn in earder treinstasjon by Frjentsjer wie yn de jierren tritich fan de foarige iuw in kibboets fêstige. Joadske jongeren wurken by boeren en túnkers op 'e Fryske klaai, om letter nei Palestina emigrearje te kinnen.
De Twadde Wrâldoarloch makke lykwols in ein oan harren idealen. Yn 1941 waard de kibboets troch de Dútske besetter en de Frjentsjerter plysje ûntromme.
FryslânDOK 'Kibboets op 'e klaai' diel 1
Sneon 12 novimber NPO2 15.30 oere (werhelling sneintemiddeis)
Snein 13 novimber Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Fjouwerentweintich bewenners fan de kibboets oerlibben de oarloch net. FryslânDOK reizget yn Kibboets op 'e klaai yn it spoar fan de Palestina-pioniers.
De trijedielige searje, mei orizjineel filmmateriaal út 'e kibboets, wurdt in novimber útstjoerd by NPO2 en Omrop Fryslân.
Op klompen yn de kibboets © Fries Film & Audio Archief
Jacob Bramson, genêshear by it Psychiatrysk Sikehûs yn Frjentsjer, en syn frou Carolina wiene de oprjochters fan de kibboets. Nederlân telde yn dy tiid fjirtjin Joadske lânbouskoallen.
Allinnich mei sa'n oplieding koest in Palestina-sertifikaat krije. De dream fan de Joadske jongerein wie om yn Palestina in 'nasjonaal hûs foar it Joadske folk' te stichtsjen.
Eli Asscher oan it melken - sa. 1938 © Fries Film & Audio Archief
Bramson wie ek amateurfilmer en filme faak by de kibboets en op de bedriuwen dêr't de jongeren staazje rûnen.
As Syds Wiersma fan it Fries Film & Audio Archief (FFAA) de twa filmkes fan Bramson yn hannen krijt, rekket hy fassinearre troch dizze ûnbekende skiednis en troch de fleurige minsken dy't hy sjocht op de bylden.
Nei publikaasje fan it materiaal komme der in protte reaksjes fan famylje fan eardere kibboetsbewenners, foaral út Israel.
Mei kameraman Gerko Jonker en regisseur Gerard van der Veer beslút Wiersma derefter te kommen wat der mei de bewenners bard is. It spoar liedt net allinnich nei Israel mar ek nei Amsterdam, Westerbork en Bergen-Belsen.
Gerard van der Veer oer 'Kibboets op 'e klaai'