Nettsjinsteande motorproblemen komt Sint oan op It Hearrenfean

Sinteklaas yn petear mei boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean © Omrop Fryslân, Earryt Sijens
By de lanlike yntocht kaam er mei it fleantúch, mar Sinteklaas docht It Hearrenfean hjoed 'gewoan' oan mei de pakjesboat.
Dat giet lykwols ek net sûnder problemen: as der griene reek út de mêst komt, docht bliken dat ien fan de Piten dêr pipernuten yn struid hat. Mei touwen lûke de bern de boat dochs nei de kade.
Yn Ljouwert die de boat it just wat te goed: der kaam Sinterklaas earder oan as dat in soad minsken ferwachten, mei teloarstelde bern ta gefolch.
De yntocht fan Sinteklaas op It Hearrenfean