Minder lytse readsturtsjes grut wurden yn de Noardlike Fryske Wâlden

In mantsje readsturtsje © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It briedsukses fan it readsturtsje yn de Noardlike Fryske Wâlden wie fan it maitiid leger as foargeande jierren, sa lit agraryske natuerferiening de Noardlike Fryske Wâlden witte.
De readsturtsjes (gekraagde roodstaart) sitte benammen yn houtsingels. It gebiet is echt in bolwurk, dêr't dizze soarte noch yn behoarlike oantallen foarkomt. Mei bygelyks nêstkasten wurdt ek in soad dien om it de readsturtsjes nei it sin te meitsjen.
Yn trochsneed leit it briedsukses by Eastermar oer njoggen jier op 74 prosint, mar dit jier hat mar 65 prosint fan de piken it ret. By Surhuzum wie dat dit jier 58 prosint tsjin gewoanwei 67 prosint.
Benammen by Eastermar liket predaasje troch de houtekster (Vlaamse Gaai) in probleem te wêzen. Omdat it ferline jier in min jier wie foar ikels, binne dy op syk gongen nei in alternatyf. En dat wiene de aaien en piken fan it readsturtsje, dy't foar in part briede yn briedkasten dy't fan foaren heal iepen binne.

Soad ikels

It is de earste kear dat de feriening soks sjocht, mar der is goede hoop dat it takom maitiid net wer sa gean sil.
Omdat der dizze hjerst wol wer in soad ikels lizze, ferwachtet agraryske natuerferiening de Noardlike Fryske Wâlden dat de houteksters net mear op syk hoege nei alternativen.