Twa fertochten fan wenningoerfal yn Snits oanholden

De plysje by de flat dêr't de oerfal wie © Noordernieuws
De plysje hat twa minsken oanholden dy't fertocht wurde fan it oerfallen fan in wenning oan de Morrahemstrjitte yn Snits. In tredde fertochte wurdt noch socht.
De twa minsken dy't oanholden binne, waarden sneontemiddei pakt yn Lelystad. Dêrby is in arrestaasjeteam ynset, omdat der mooglik sprake wêze soe fan fjoerwapengefaar. By de oanhâlding hat de plysje ek guod yn beslach naam, seit in wurdfierder.
De twa fertochten binne in 22-jierrige man út Lelystad en in 19-jierrige man fan De Lemmer.
De manlju soenen freedtejûn guod stellen hawwe fan in 27-jierrige man. It slachtoffer waard yn syn eigen hûs bedrige mei in mooglik fjoerwapen en in mes. De fertochten binne dêrnei útnaaid, wêrnei't in Burgernetaksje opset is.
De syktocht nei de tredde fertochte giet noch fierder.