FIDEO: Sykje nei de bêste do op de sierdowesjo

Wa is de bêste sierdo fan it jier?
Mear as 1200 spesjale dowen wiene op 11 en 12 novimber te sjen yn de Sluisfabriek yn Drachten. Dêr waard de kampioen fan Noard-Nederlân útroppen.
De dowen waarden kard en krigen in skoare. Ut de bêste fan eltse soart waard de do fan it jier keazen. It evenemint is organisearre troch de Sierdowesjo Noard-Nederlân, dêr't dowefokkers út Drinte, Grinslân en Fryslân by oansluten binne.