Motorcrosser (27) út Noardeast-Fryslân rekket swierferwûne by ûngelok yn Drinte

De traumahelikopter waard oproppen om help te ferlienen © Noordernieuws
In 27-jierrige man út de gemeente Noardeast-Fryslân is sneontemiddei swierferwûne rekke by in iensidich ûngelok op in crossterrein yn Drinte.
It slachtoffer fleach troch ûnbekende oarsaak mei syn crossmotor fan de baan op it terrein oan de Veenakkers yn Emmer-Compascuum.
Plysje Drinte meldt dat de man mei slimme ferwûningen oerbrocht is nei it sikehûs. Ferkearsspesjalisten fan de plysje dogge ûndersyk nei it ûngelok.