Hendrik van Doezum is Skiednisdosint fan it Jier: "We moatte it faker oer de takomst ha"

Hendrik van Doezum yn it Ryksmuseum mei de winnerssjek
© Eigen foto
VMBO-learlingen binne de takomst by de oanpak fan de klimaatferoaring. Dat is it boadskip fan Hendrik van Doezum. Hy is saterdei yn Amsterdam útroppen ta Skiednisdosint fan it Jier.
Mei syn learlingen fan VMBO3 wie de skiednislearaar fan De Harkema yn it Ryksmuseum, dêr't de sjuery de bêste skiednisdosint fan it jier keas. By de ferkiezing giet it derom dat de dosint mei kennis en entûsjasme de learlingen ynspirearret.
Dat kin de 26-jierrige Van Doezum wol. Yn syn motivearjende en ynteraktive lessen op it Lauwers College yn Bûtenpost wol er de learlingen har ferpleatse litte yn oare tiden en persoanen. "Ien fan de belangrykste taken fan in dosint is om learlingen nijsgjirrich te meitsjen en te triggerjen", seit de learaar, dy't no yn Surhuzum wennet.

Ferhaleferteller

De sjuery is it dêrmei iens: "Van Doezum is een echte verhalenverteller en doet dat op een speelse manier", konkludearre de sjuery nei twa besiten oan it Lauwers College. "Hij brengt geschiedenis tot leven."
De learlingen wurdearje Van Doezum, foar in grut part fanwegen hoe't hy mei se omgiet, mar ek om syn befleinens. Hy nimt de learlingen ek graach mei nei plakken dy't wat fan de skiednis sjen litte. En dat hoecht net fier fuort te wêzen: De Spitkeet op 'e Harkema neamt er as foarbyld. Dat jout in goed byld fan de earmoede yn dy omkriten, begjin tweintichste iuw. "It is goed om soks ûnder eagen te sjen."
Mei skiednis ha we it altyd oer it ferline, mar we moatte it faker ha oer it no en de takomst.
Hendrik van Doezum
It entûsjasme foar it fak smiet him in finaleplak op by de ferkiezing Skiednisdosint fan it Jier. De trije finalisten krigen saterdei yn it Ryksmuseum de opdracht om in les en ekskurzje te betinken wêryn't se duorsumens keppelje oan skiednis.
"Mei skiednis ha we it altyd oer it ferline, mar we moatte it faker ha oer it no en de takomst", seit Van Doezum. Nei in oere hie de Harkyt wol wat betocht. "Ik wol de learlingen fuort de les binnenlûke, dus ik frege oft se de 'theorie van de kokende aarde' koenen." It toant oan hoe't Van Doezum syn learlingen aktyf hâldt, troch se by de les te belûken.
"Dy teory giet deroer dat in wittenskipper der al yn 1902 achter kaam dat de temperatuer sa hurd oprûn, dat de wrâld yn de takomst net mear bewenber is."
Hendrik van Doezum by de ferkiezing fan Skiednisdosint fan it Jier
© Eigen foto
Hy makke der in grafyk by om sjen te litten wannear't it ûnderwerp klimaatferoaring foar it earst yn it nijs kaam. Dy manipulearre er lykwols, om syn learlingen te testen. "Sa woe ik sjen litte dat it ek altyd belangryk is om nei de boarne te sjen. Der giet - hielendal by dit ûnderwerp - in soad nepnijs yn de rûnte."
De les wie foar learlingen yn VMBO3. Njonken in les moast Van Doezum dus in ekskurzje foar se betinke. "Dizze groep kin wat dwaan tsjin klimaatferoaring. Net allinnich troch koarter te dûsen of de kachel leger te setten, mar ek troch aanst op it MBO in fak te kiezen wêrmei't se duorsumens stal jouwe."
Hendrik van Doezum mei de kaart fan Europa nei de Twadde Wrâldoarloch
© Lauwers College
As lokaasje foar de ekskurzje betocht Van Doezum dêrom om nei in bedriuw te gean dat yn dy sektor wurket. "It boadskip oan de learlingen wie: jim binne de takomst as it om duorsumens giet! Yn dat bedriuw wie it de bedoeling dat se fragen stelden oan de baas om út te finen wêr't harren takomst lizze kin."
Van Doezum presintearre syn plannen oan de faksjuery, dy't ûnder lieding stie fan âld-Journaallêzer Noraly Beyer. "Se fûnen it hiel moai dat ik de takomst keas as ynstek. En wat wol moai wie: dat dienen dy oare twa finalisten ek. Dy wienen ek jong en meitsje har ek echt sterk foar har learlingen."
De ferkiezing fan Skiednisdosint fan it Jier is in inisjatyf fan it Ryksmuseum, omrop NTR en it Nationaal Archief. Dit jier waard de ferkiezing foar de njoggende kear holden.
Uteinlik kaam Van Doezum dus as bêste út de bus. Hy mei him no Skiednisdosint fan it Jier neame en hy is dêrmei fuort ek in jier lang de ambassadeur fan it skiednisûnderwiis. Yn dy rol stiet der ûnder oare in moeting mei minister Wiersma op it programma. "Dan kinne we moai Frysk prate. Twa Friezen ûnder elkoar, dan komme we der altyd wol út."
Ek sûnder titel wie Van Doezum al in echte ambassadeur fan it fak. Hy pakt it lesjaan op in oantreklike wize oan. Doe't er begjin 2020 online lesjaan moast, makke er fideo's en vlogs oer skiednisûnderwerpen. "Kinst hiel wat moais mei fideo's dwaan", fertelt er dêroer. It smiet him, njonken de titel fan Skiednisdosint fan it Jier, ek in nominaasje op foar Filmlearaar fan it Jier. Oft er dat ek wint, heart er fan 'e wike.
Ien fan de fideo's dy't Van Doezum yn de coronaperioade makke:
Yn alle gefallen kin er no fan dizze priis genietsje. Syn klasse hat der ek noch wat oan, want dy mei noch in kear op besite nei it Ryksmuseum.
Saterdei krigen de learlingen al in foarpriuwke, fertelt Van Doezum. "Op it alderlêste momint, doe't it hiele museum fierder ticht wie, mochten we nei de Nachtwacht ta. Dat wie wol hiel bysûnder."
Hendrik van Doezum mei de klasse by de Nachtwacht yn it Ryksmuseum
© Eigen foto
It wurdt in drok jier foar Van Doezum, want njonken it ambassadeurskip, it petear mei de minister en de museumbesite stiet der noch fan alles op de rol, lykas nei it Nationaal Archief en de NTR. "We geane it hiele lân troch. De winner fan foarich jier hie noch in goede tip: ik mei soms ek 'nee' sizze."