Miranda Swierstra hat type 1 diabetes: "De spontaniteit is weg, ik moet overal over nadenken"

Miranda Swierstra
© Eigen foto
It is moandei de ynternasjonale dei fan de diabetes. It is in sykte dêr't yn ús lân mear as in miljoen minsken mei te krijen hawwe. Miranda Swierstra fan Boalsert is ien fan dy minsken, sy hat type 1 diabetes.
De measte minsken dy't sûkersykte hawwe, hawwe type 2. Neffens sifers fan it Diabetesfonds giet it om sa'n 90 persint fan de minsken. Type 2 kin te krijen ha mei de libbensstyl, it seldsumere type 1 is in autoymmúnsykte. By type 1 falt it ôfwarsysteem it lichem oan. Minsken mei type 1 binne dan ek folslein ôfhinklik fan insuline.
"Ik moet eigenlijk voor mijn alvleesklier gaan denken, want die werkt niet meer goed", fertelt Swierstra. "Ik ben minstens twee uur van tevoren al bezig met het instellen van mijn insulinepomp om zo een halve marathon te kunnen rennen."
Miranda Swierstra
© Eigen foto
En dat ynstellen is fan grut belang. Se fertelt dat it slimme gefolgen ha kin, as har sûkers te leech wurde. "Zeker als je het niet op tijd opmerkt en corrigeert met snelle suikers zoals dextrose. In het ergste geval strand je ergens, in het allerergste geval kun je zelfs in coma raken."
Swierstra moat der no alle dagen om tinke, mar dat wie dus net har hiele libben sa. "Ik ben nu 27, ik was 21 toen ik het kreeg. Ik heb 21 jaar gewoon kunnen eten, sporten, reizen, studeren zonder na te denken over koolhydraten en wat insuline in je lichaam doet."
De spontaniteit is weg, ik moet overal over nadenken.
Miranda Swierstra
No moat se der sels om tinke as se in stik kuierje wol. "De spontaniteit is weg, ik moet overal over nadenken. Ik kan niet zomaar even een handje pepernoten opeten, of zomaar een paar kilometer gaan hardlopen."
It docht har dan ek in soad as se heart dat oaren type 1 diabetes ha. "Als ik hoor dat een kind type 1 krijgt, dan vind ik dat heel erg. Dat raakt mij." Dat komt omdat se goed begrypt wat dat bern meimakket, leit se út. "Ik weet dat ze het kunnen, maar daar kan ik wel emotioneel van worden. Voor mij heeft het een gigantische impact gehad."

Byld fan diabetes

Swierstra fynt it skande dat minsken faak in iensidich byld ha fan diabetes. "Het wordt allemaal onder één noemer gezet. Terwijl je aan type 1 diabetes werkelijk niets kan doen." Sy fernimt dat minsken it faak ferbine oan libbensstyl en it idee ha dat it foar in part har eigen skuld is.
Se is der ek teloarsteld oer dat net alles wat minsken mei type 1 diabetes nedich hawwe fergoede wurdt. "Er wordt niet ingezien dat een sensor met een insulinepomp een essentieel middel is om te leven voor iemand met type 1. En dat het nu inkomensafhankelijk is of je er één kan krijgen, terwijl ik niet meer zonder kan."
Om mear omtinken foar har sykte te freegjen, hat se ferline jier de heale maraton fan Valencia rûn. Sy hopet dat der mear ûndersyk nei de sykte komt.