Cisca Wijmenga hâldt takom jier op as rector magnificus fan Ryksuniversiteit Grins

Cisca Wijmenga © Omrop Fryslân
Cisca Wijmenga fan Drachten hâldt takom jier op as rector magnificus fan de Ryksuniversiteit Grins. Wijmenga stelt har fanwegen persoanlike omstannichheden net beskikber foar in twadde termyn.
De Friezinne waard trije jier lyn beneamd as rector magnificus, de heechste funksje oan de universiteit. Se is de earste frou yn dat amt sûnt de oprjochting fan de universiteit yn 1614.
"Cisca Wijmenga heeft in korte tijd, met veel daadkracht, een aantal belangrijke veranderingen doorgevoerd op de terreinen van onderwijs en onderzoek. Innovatie was daarbij haar uitgangspunt", skriuwt Jouke de Vries, foarsitter fan it Kolleezje fan Bestjoer op de webside fan de Ryksuniversiteit. "Hans Biemans en ik vinden het spijtig en tevens begrijpelijk, dat Cisca dit besluit heeft moeten nemen."