Beste geschiedenisleraar van 2022 maakt zich hard voor zijn vak en leerlingen: 'Minsken moatte fjochtsje foar de dingen dy't se belangryk fine'

Hendrik Atze van Doezum is verkozen tot Geschiedenisdocent van het jaar 2022.

Hendrik Atze van Doezum is verkozen tot Geschiedenisdocent van het jaar 2022. FOTO: MARCEL VAN KAMMEN

De 26-jarige Hendrik Atze van Doezum van het Lauwers College in Buitenpost werd zaterdag uitgeroepen tot Geschiedenisdocent van het jaar. Met zijn nieuwe status als ambassadeur van het geschiedenisonderwijs vraagt Van Doezum aandacht voor de toekomst van zijn vak en leerlingen.

Lees meer over
Achtkarspelen

Ruim honderd docenten werden voorgedragen voor de verkiezing van Geschiedenisdocent van het jaar 2022, onder wie Hendrik Atze van Doezum. Hij overleefde drie selectierondes en ging als top 3-docent richting het Rijksmuseum in Amsterdam voor de finale.

„Ik hie der fan tefoaren wol in goed gefoel oer en wist dat ik der alles oan dien hie. Dochs boude de spanning by de útrikking bot op, omdat de sjuery entûsjast wie oer elke kandidaat. Doe ‘t it hege wurd derút kaam, wie ik ferbjustere. Ik wist even net wêr’t ik it sykje moast”, vertelt Van Doezum.

Ambassadeur

Van Doezum is door zijn overwinning een jaar lang ambassadeur van het geschiedenisonderwijs en mag op bezoek bij onderwijsminister Dennis Wiersma. De toekomst van het onderwijs wil Van Doezum graag met Wiersma bespreken.

„Ik wol syn fyzje oanhearre en hoopje dat er nei myn ideeën harkje wol oer it ûnderwiis. Neffens myn idee is in minister faak yn petear mei minsken yn hegere funksjes, mar Wiersma is gelokkich ien dy‘t mei dosinten yn petear wol en giet. Ik bin in jonge dosint dy‘t tsjin dingen yn it ûnderwiis oanrint en ik tink dat it wichtich is om dêroer mei-inoar yn petear te gean.”

Voor het gesprek moet Van Doezum naar Den Haag, maar hij hoopt stiekem dat Wiersma bereid is langs te komen in Buitenpost. „Hy wit as Fries de provinsje te finen en giet faker op skoalle - of lesbesite, dus ik hoopje dat hy nei it Lauwers College komt om oer ûnderwiis te praten. Of dat slagget wit ik net, mar ik sil it grif freegje”, zegt Van Doezum.

Rijksmuseum

Door een soortgelijke vraag lukte het Van Doezum zaterdag om samen met zijn studenten in een leeg Rijksmuseum De Nachtwacht te bewonderen. „Guon learlingen hiene noch nea yn it Ryksmuseum west en baalden nei de útrikking dat se De Nachtwacht net sjoen hiene. It museum wie al ticht, dus it like der net yn te sitten.”

De nieuwe ambassadeur van het geschiedenisonderwijs zette zijn recent verkregen status direct in voor zijn studenten. „Ik haw frege oft der net wat mooglik wie foar de bêste skiednisdosint fan 2022. In pear telefoantsjes letter stie ik mei de groep en in pear befeiligers foar it skilderij. De titel wie hartstikke moai, mar mei myn learlingen nei De Nachtwacht sjen wie it absolute hichtepunt.”

De brutale vraag van Van Doezum diende daarnaast als een signaal richting zijn leerlingen. „Ik tink dat it ûnderwiis as foarnaamste doel hat om oan te setten ta aksje. Myn fraach lit sjen datst foaral doare moatst om fragen te stellen en aksje te ûndernimmen. Gean net oan de sydline stean en dan tinken: ‘it komt allegear wol’, minsken moatte fjochtsje foar de dingen dy‘t se belangryk fine.”

Tijdens zijn ambassadeurschap maakt Van Doezum zich hard voor de mbo’ers. Hij noemt deze studenten de mensen van de toekomst. „Dit draach ik út mei myn hiele hert. Yn in tiid dat der in grut tekoart is oan praktysk oplate minsken hawwe wy mbo‘ers hurd nedich. Mbo’ers kinne yn de takomst dêrom echt it ferskil meitsje”, stelt Van Doezum.

Vlogs en video’s

Van Doezum reist woensdag opnieuw naar Amsterdam voor een prijsuitreiking: in filmmuseum Eye wordt de Filmleraar van het jaar uitgeroepen. De prijs is voor een docent die leerlingen enthousiast maakt voor film en films op een creatieve manier gebruikt tijdens de lessen.

Van Doezum maakte tijdens de coronaperiode vlogs en video’s over geschiedenisonderwerpen en zette deze op zijn YouTubekanaal. „Ik hie oan it begjin fan corona direkt troch dat online lesjaan foar in webcam neat wurde soe. Ik haw myn eigen wize keazen om myn fak jaan te bliuwen en dit waard troch de learlingen wurdearre.”

Zijn kans op de titel van Filmleraar van het jaar vindt Van Doezum moeilijk om in te schatten. „De kandidaten ferskille kwa ynhâld bot fan inoar. In filmlearaar kinst op in soad ferskate wizen wêze en dat makket it dreech om te sizzen wa ‘t de favoryt is. It is oant no ta hieltyd goed gien, dus wa wit wat woansdei bringt”, aldus Van Doezum.