Omwenners freegje Rie fan Steat om plan Sanjesfjild yn Oentsjerk ôf te sjitten

De Sanjesreed yn Oentsjerk © Google Maps
Fjouwer ynwenners fan Oentsjerk wolle dat de Rie fan Steat it bestimmingsplan Sanjesfjild ferneatiget. De gemeente Tytsjerksteradiel hat it plan foar 2,5 bunder bedriuweterrein al achttjin jier op de planke lizze.
It bedriuweterrein soe westlik fan de Rengersweg en súdlik fan de Sanjesreed komme moatte.

Aksjegroep

De fjouwer tsjinstanners wenje tichteby de beëage bedriuwelokaasje. Se hawwe harren ferienige yn de aksjegroep 'Behoud het landschap in de Trynwâlden'. "Een puist in het landschap die wij niet willen hebben", sei buertbewenner Dolph Kessler moandei yn Den Haag.
Neffens de omwenners wurdt der fêstholden oan it plan om't de gemeente de grûn al kocht hat. Dat wie yn 2008. It bedriuweterrein kaam doe net fan 'e grûn fanwegen de boukrisis.

Spanning

Neffens de gemeente sitte tritich ûndernimmers út de regio yn spanning te wachtsjen op in positive útspraak fan de Rie fan Steat. Dizze heechste bestjoersrjochter soe ûnder oare sydlings sjen oft der miskien in oare lokaasje keazen wurde moatten hie troch de gemeente. Boppedat sil sjoen wurde nei it ferlet en de lânskiplike ynpassing.

'Flater by de gemeente'

Der binne ek beswieren ôfkomstich fan de Praktijkboerderij Oenkerk. Dat is in suvelbedriuw mei in agrarysk trainingsintrum fan Dairy Trainings Centre (DTC). It bedriuw stelt dat it troch in flater by de gemeente net meiprate koe oer de ynhâld fan it bestimmingsplan.
In wichtich beswier fan DTC is dat it bedriuweterrein op 95 meter ôfstân fan it bouflak fan de praktykbuorkerij komt te lizzen. Krekt dêr wol DTC in opslachmooglikheid oanlizze foar organysk ôffal dat yn de dongfergister moat. Dat wurdt lestich as it plan Sanjesfjild trochgiet.
De Rie fan Steat docht oer seis wiken útspraak.