Sjoerd Bonnema wol boargemaster fan Eaststellingwerf wurde: "Boargemaster fan de takomst"

Sjoerd Bonnema © Anne Westerhof
Eaststellingwerf siket in nije boargemaster. Sjoerd Bonnema (61 jier) fan De Fochtel wol dat wol wurde. Hy is gjin bestjoerder of politikus, mar eko-ymker. Miskien makket er net folle kâns op dat boargemasterskip, mar hy hat wol in reden dat er sollisitearret.
"It is eins in sollisitaasje mei in knypeach, mar ik wol wol in boadskip ôfjaan", seit Sjoerd Bonnema. "We moatte mear nei in boargemaster fan de takomst ta en dizze gemeente falt noch wol wat te ferbetterjen."
Mei de takomst bedoelt er dat by besluten neitocht wurde moat oft it ek goed is foar de kommende generaasjes. "Dan ha ik it oer natuer, miljeu, mar ek oer flechtlingen en hoe gean we mei de wolf om."

Boadskip

Syn boadskip is dat we toleranter nei elkoar wurde moatte. Hy doart him wol út te sprekken en is net benaud foar reaksjes. "Dy angstkultuer moatte we fan ôf. Minsken dy't wat te sizzen ha, oer natuer, miljeu of lânskip mei ferstân fan saken, doare net mear oan it wurd te kommen. Ik wol dat tsjinlûd ek hearre litte."
Hy is al tiden mei syn boadskip dwaande. "Tsjin diskriminaasje, foar tolerânsje. As it no om minsken giet of om bisten." Neffens him kin it Sinteklazefeest yn syn gemeente ek wol oars. "Dat is net foar elkenien, it is mei in soad Swarte Piten, dan tink ik, kom op Eaststellingwerf, ûndernim dêr wat mear aksje yn."
Sjoerd Bonnema oer syn sollisitaasje
Nei it fuortgean fan boargemaster Harry Oosterman yn 2021 waard boargemaster Sandra Korthuis as waarnimmer beneamd. It is de bedoeling dat in nije boargemaster yn april takom jier ynstallearre wurdt.