Kabinet wol heger peil Iselmar, De Fryske Marren hopet wol op kompensaasje

Utsjoch op De Iselmar © ANP
Fanwegen it belang fan de Iselmar yn de Nederlânske wetterhúshâlding, hat it kabinet dúdlik makke dat der net samar yn boud wurde mei en dat it wetterpeil omheech moat.
Steatssekretaris Vivianne Heijnen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat hat dit kenber makke yn in Keamerbrief, oer de rol fan wetter en boaiem yn de takomst.
It kolleezje fan De Fryske Marren is wiis dat Den Haag de mar no ek as kwetsber en wichtich gebiet sjocht. De gemeente hat de langste Iselmarkust yn ús provinsje.
Wethâlder Remboud van Iddekinge fynt it gjin probleem dat it wetterpeil ferhege wurdt. "It is de grutste foarried foar ús drinkwetterfoarsjenning. Dus wy kinne der net tsjin wêze."
Mei de klimaatferoaring leit der ek in hieltyd grutter wurdende maatskiplike opjefte, seit er. Troch it peil te ferheegjen, kin der in gruttere wetterbuffer ûntstean.
Heijnen skriuwt dat it gebiet ús 'nationale regenton' is. "Als gevolg van klimaatverandering treden steeds vaker en steeds grotere peilfluctuaties op (een hoger en een lager peil). Daarnaast zien we dat door storm en golfoploop de huidige lokale waterstanden aan de oevers ook al aanzienlijk kunnen oplopen", sa stiet yn de brief.

Kompensaasje

In heger peil hat lykwols konsekwinsjes, seit de wethâlder. "Wy moatte der wol skerp op wêze dat der finansjele kompensaasje komt, foar it opheegjen fan de diken en it lytser wurden fan strannen. Dus it is noch net útiten, der komt noch wol belied efterwei."
Der mei net samar mear lânoanwinning yn de Iselmar komme. Der moat genôch plak foar wetter bliuwe, sa't de swietwetterfoarried op peil bliuwt.
Wethâlder Remboud van Iddekinge fan De Fryske Marren
"It moat fansels net álle ûntwikkelingen opkeare", sa fynt Van Iddekinge. "Bygelyks op it mêd fan rekreaasje en toerisme. Mar it jout wol in dúdlike rjochting oan: tink der om, it is in kwetsber en moai gebiet, dus net samar ûntwikkelje hjir."
Nije ekonomyske inisjativen yn de mar binne ek wer net útsletten. "Mar myn gefoel seit wol dat it der net makliker op wurdt", sa tinkt Van Iddekinge.