Karen Bies presintearret 'FryslânDOK sjocht fierder': "We litte dokumintêres sjen fan oer de grins"

Karen Bies © Omrop Fryslân
FryslânDOK lit fan tiisdei 29 novimber oant en mei freed 2 desimber dokumintêres sjen út hiel Europa. Karen Bies giet yn petear mei de filmmakkers en oare gasten.
Tiisdei 29 novimber giet 'FryslânDOK sjocht fierder' fan start by Omrop Fryslân. Wy leinen presintator Karen Bies in pear fragen foar.
De redaksje fan FryslânDOK makket alle jierren sels sa'n 35 dokumintêres. No tsjin de ein fan it jier presintearje jimme in spesjaal programma, 'FryslânDOK sjocht fierder'. Wat hâldt dit yn?
"FryslânDOK lit dokumintêres sjen fan oer de grins. Dus net ús eigen films, mar films makke troch kollega's yn hiel Europa. We dogge dat fjouwer jûnen lang, elke dei fan 19.30 ôf op telefyzje en we nûgje de makkers fan dy films út oan tafel, mei oare gasten. It is leuk om te sjen hoe't kollega-dokumintêremakkers yn oare lannen har ferhalen fertelle."
It giet oer gewoane minsken, lykas ús en faak oer ûnderwerpen dy't hjir yn Fryslân ek spylje.
Karen Bies
Wat is dêr sa nijsgjirrich oan?
"Elke filmmakker hat syn eigen styl. Fierder is it moai om út in oar perspektyf nei de wrâld te sjen. Do sjochst oare minsken, op in oar plattelân. Tagelyk is it foar ús yn Fryslân ek hiel werkenber. It giet oer gewoane minsken, lykas ús, en faak oer ûnderwerpen dy't hjir ek spylje."
Hoe komme jimme oan dy films?
"Omrop Fryslân is oansletten by Circom, de Europeeske organisaasje fan omroppen, dy't alle jierren in kompetysje hâldt fan de bêste programma's. FryslânDOK wurket gear mei PLONS! Filmfestival, dat no al in pear jier yn Ljouwert holden wurdt. Tegearre mei Froukje van Wengerden fan PLONS! binne de moaiste dokumintêres selektearre, dy't we no op telefyzje sjen litte kinne."
It programma is allinnich op telefyzje te sjen, it komt net online. Wêrom net?
"Dat hat te krijen mei de rjochten fan de films. Dy binne yn eigendom fan makkers, produsinten en soms oare omroppen. Dy films kinne wy net samar online sette."
FryslânDOK sjocht fierder is fan tiisdei 29 novimber oant en mei freed 2 desimber fan 19.30 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân.
Sitte der hielendal gjin eigen produksjes fan FryslânDOK by?
"Jawol! Trije nije films, dy't ek mei PLONS! ta stân kaam binne, yn ús mienskiplike projekt 'Nije Eagen'. Trije jonge filmmakkers hawwe, mei stipe fan ús, in koarte dokumintêre makke. Merel Musch, Louka Hoogendijk en Eline van Diggelen, sy binne ek allegear op ien fan de jûnen te gast."
Wat binne de tema's fan de fjouwer jûnen?
"We begjinne op tiisdei mei twa dokumintêres oer de wolf, ien út Kataloanië en in film dy't makke is yn Nederlân en België. De wolf dûkt ommers hieltyd faker op, net allinnich yn Fryslân, mar yn hiel Europa. Op woansdei binne it fjouwer films fan it plattelân, allegear út ferskillende regio's. Op tongersdei in heftich tema, 'geweld tsjin froulju'. Dochs ek hiel aktueel en belangryk, want op dit stuit is ek de wrâldwide kampanje 'Orange the world' begûn, om geweld tsjin froulju tsjin te gean. Freed, de slotjûn, mei fjouwer totaal ferskillende films, dy't dochs allegear hiel goed passe by ien tema: dreamen."
Sjoch foar mear ynformaasje en alle dokumintêres op omropfryslan.nl/fryslandok.